Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij
zaterdag 22 augustus 2026

It wie de op ien nei lêste ledepartij en wy misten nochal wat keatsers. Dyt't der net wienen hienen allegearre wat oars te dwaan en dy't der wol wienen - yn totaal 32 keatsers en keatsters - makken der in moaie dei fan. Én de Golden Oldies keatsten tagelyk harren partij en dat skeelde ek in partoer. Der stie in stevige wyn, dy't dwers op it fjild stie en wat hinne-en-wer gie, sadat de opslaggers somtiden de wyn mei hienen. En der wie út en troch in buike. Echt waarm wie it net, mar wol prima keatswaar. Genôch oer it waar, soe de foarsitter wol sizze.
Der mocht ferklaaid wurde en guon hienen dat in bytsje dien, in pear hienen der serieus wurk fan makke en as dêr in priis foar west hie, dan wie dy wol foar Evert Sijbesma wêze. Hy wûn de 1ste priis yn in Winnie de Poeh-pak, hulde! Hy mocht bliid wêze dat it net sa hyt wie.
Earste omloop
De klapper yn de earste omloop gie tusken de Egbert Heins, Femke Lize Veenstra en Wytse Hospes en it trio Nolke Bergstra, Klaas Fokke Plantinga en Riemy Reitma. Alles kaam oan 'e hang en it foel geunstich út nei Heins c.s.
De twadde omloop joech it meast iensidige partijen, oan de útslach te sjen, mar it kin wol in protte 6-6 west hawwe, sis it mar.
Heale finale en finale
Yn de heale finale wûn it 50/60-pluspartoer fan Jan de Groot en Jacob Dotinga en jonky Rouke van der Meer ferrassend fan Egbert Heins, Femke Lize Veenstra en Wytse Hospes. It wie in pittige pot. Yn de finale wienen Evert Sijbesma, Nynke Schipper en Rixt Oosterhaven fierste sterk. Nynke Schipper stie as in keninginne te slaan yn it foarperk! it waard 5-2 6-2.
Ferliezersfinale
De ferliezersfinale joech wat mear ferskil te sjen. Yn in moaie striid wûnen Jelke Hindrik de Vries, Tara van der Meulen en Oeds Broersma op 5-4 6-2 fan Nolke Bergstra, Klaas Fokke Plantinga en Riemy Reitsma. It wie in slagge partij.
De útslaggen
1. Evert Sijbesma - Nynke Schipper - Rixt Oosterhaven
2. Jan de Groot - Jacob Dotinga - Rouke van der Meer
3. Egbert Heins - Femke Lize Veenstra - Wytse Hospes (net op 'e foto)



Ferliezersrûnte
1. Jelke Hindrik de Vries - Tara van der Meulen - Oeds Broersma
2. Nolke Bergstra - Klaas Fokke Plantinga - Riemy Reitsma


Nieuws
Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint
zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...
Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij
zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...





