De jeugd beslút it seizoen yn it tsjuster!
vrijdag 11 september 2026
De jeugdkommisje hie de begintiid fan de lêste ledepartij in pear oeren nei 19.00 oere. Sadwaande soenen de lêste slaggen yn it tsjuster plakfine, no ja yn it ljocht fan de grutte lampen. En se spilen mei de grutte luchtbal! En dat wie allegearre in moaie belevenis foar ús jongere leden.
Kabouters
Fjouwer moaie twatallen spilen in heale kompetysje. En dêr kamen twa dúdlike winners út: Jesper Abma en Yildau Winia, dy't de trije partijen wûnen, 21 punten dus. Tsjin Fenna Zijlstra en Koen Jongsma waard it 5-5 6-0. Omdat de lêsten de twa oare partijen ek wûnen, pakten sy de 2de priis, 19 punten dus.
De útslach:
1. Jesper Abma en Yildau Huitema
2. Fenna Zijlstra en Koen Jongsma
Welpen
Hjir wie in moaie list fan seis twatallen. Ien formaasje wûn alles en helle dus 21 punten, mar dat gie net altyd like maklik. Twa twatallen kamen út op 19 punten. Jelke Holtrop en Fardau Abma hienen 14 earsten tsjin en Digna van Dijken en Fenna Mud 13. Foar Digna en Fenna wie dus de 2de priis.
De útslach:
1. Janna Abma en Sjoerd Zijlstra
2. Digna van Dijken en Fenna Mud
Pupillen
'Mar' fiif dielnimmers hie dizze kategory: dat waard trije kear keatse mei hieltyd oare maten. En foar de twadde kear dit seizoen gie it om de lytse puntsjes. Jitse Bakker en Tieme Holtrop feroveren beide 16 punten en se hienen beide ek 8 earsten tsjin. De ûnderlinge partijen wienen ek netsjes ferdield en dus gie it wer om de punten yn de lêste earsten fan de spile partijen. En dat pakte foar Tieme geunstich út: hy hie 2 punten mear as Jitse.
De útslach:
1. Tieme Holtrop
2. Jitse Bakker

Nieuws
Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint
zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...
Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij
zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...





