Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint
zaterdag 12 september 2026

It oantal partoeren wie wat minder as yn 2025 - 12 partoeren tsjinoer 20. Mar it moat sein wurde dat de lêste wiken de kompetysjejûnen ek wat minder besocht waarden. It fertsjinnet in evaluaasje, soe ik sizze.
It bestjoer kaam yn it sintsje
Rixt Oosterhaven sette it bestjoer noch even it sintsje foar harren wurk yn dit seizoen: in bosk tulpen. Dat barde nei it útrikken fan de kometysjeprizen. Dêrnei koe de wedstriid - De Hapkespartij (sponsor Willem Twijnstra) - begjinne. En it waar koe better, de earste oer wie it wiet, wiet wiet. Mar goed, jo moatte troch.
Mei 12 partoeren is it ûnderste blokje fan fjouwer partoeren wol ynteressant: twa kear winne en do sitst yn de finale. Foar de ferliezersrûnte jildt dat by winst yn de twadde omloop.
Sytze Jan de Vries, Arjan Mutsaers en Anne Sjoukje Leenstra kamen de beide omlopen goed troch, al wie it net maklik: winst mei 5-4 6-2 op Andrea Kroes, Wytse Symen Boschma en Esther Lootsma én winst mei 5-5 6-2 op Egbert Heins, Maureen Stok en Rixt Oosterhaven. Ja, wat skeelt it dan.......
De oare finalisten - Marcel de Groot, Martsen van der Goot en Jochem Lootsma rûnen as in mes troch de bûter troch de list hinne, al wie ít yn de earste omloop tsjin Jelmer Foppe Drijfhout, Arjen van der Ploeg en Arjen Oosterhaven noch even spannend, 5-3 6-6. Dêrnei wûnen se op 5-2 6-4 fan Evert Sijbesma, Aaltsje Kroes en Femke Veenstra (R) en op 'e trije mei 5-1 6-2 fan Jacob Dotinga, Jorrit de Jong en Doutzen Twijnstra. Foar de lêsten wie de dus de 3de priis.
In hiel iensidige finale
Marcel de Groot, Martsen van der Goot en Jochem Lootsma hienen it har grif oars foarsteld. Se krigen mei 5-0 6-2 oan 'e broek fan Sytze Jan de Vries, Arjan Mutsaers en Anne Sjoukje Leenstra. Dat wie dúdlik.
Yn 'e ferliezersfinale wienen Jouke Dotinga, Klaas Fokke Plantinga en Imme Klaas Kievit op 5-2 6-4 te sterk foar Jelke Hindrik de Vries, Esmee Suierveld en Norah ten Brink.
De útslach:
1. Sytze Jan de Vries – Arjan Mutsaers – Anne Sjoukje Leenstra
2. Marcel de Groot – Martsen van der Goot – Jochem Lootsma
3. Jacob Dotinga – Jorrit de Jong – Doutzen Twijnstra



Ferliezersrûnte
1. Jouke Dotinga – Klaas Fokke Plantinga – Inme Klaas Kievit
2. Jelke Hindrik de Vries – Esmee Suierveld – Norah ten Brink


Nieuws
Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint
zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...
Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij
zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...





