Menu
  • Poll
    Ga je de komende maanden muurkaatsen of zaalkaatsen?
    • Ja
    • Nee
    Agenda

    Najaarsvergadering kf De Lege Geaën

    Op 19 oktober 2017 om 20:00 uur
    locatie: Dorpshuis de Kosterij in Goënga

    Najaarsvergadering Federatie Snits e.o.

    Op 30 oktober 2017 om 20:00 uur
    locatie: Kantine KV De lytse Stuit

    Regioberied KNKB

    Op 9 november 2017 van 19:30 tot 21:30 uur
    locatie: De Kosterij yn Goaiïngea
  • Marije van der Meer pakt prachtige 2e priis op de Frouljus-PC


    En dêrmei stapte Marije yn Weidum (even?)
    DSCI0431.JPG
    út it skaad fan de sussen Sybrandy. In prachtige prestaasje foar de freonlike en beskieden âld-Sibrandabuorster. Fansels, jo sitte yn it moaie ûnderste blokje partoeren, mar krekt dan moatte jo it noch wol even dwaan. Noch aardiger wie it, omdat Marije earst hielendal net meidwaan soe. Se hat prima opslein de hiele dei en lei dêrmei de basis lein fan it súkses fan dizze dei.
    DSCI0425.JPG
         
    It wie al in oere as twa dat de earste omloop foar Marije har partoer begong. Mei har maten Klasine Huistra en Annelien Broersma fersloech se knap it partoer Sietske Okkema, Marije Hiemstra en Nynke Sinnema op 5-3 6-6. De twadde omloop wienen Jildou Sweering, Martine Tiemersma en Jennie Terpstra de tsjinstanners. Nei winst op 5-2 6-6 lei de wei nei de finale iepen. Dat soe dreech wurde tsjin de ferrassende Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Winia. Mar der leinen samar kânsen! Fan in earst achter kamen se op in 2-1 foarsprong. En it waard 2-1 6-6 mei in grutte te ferdedigjen keats. Dy bal fan Marije waard boppe slein, 2-2 yn plak fan 3-1 foar! Ja, en doe wie it yn in sucht 4-2 foar Louise Krol c.s. Mar noch wie it net ferlern. Der siet genôch fearkrêft yn it partoer, mar it moat wol slagje. Der siet in oansluting yn op de stân 4-2 4-6 en wer in grutte keats te ferdedigjen. De prima opsleine bal troch Marije hie foar Annelien Broersma maklik te kearen west at se op tiid foar de keats west hie en hielendal at se fóar de keats stien hie. It waard 6-6 en dêrnei wie nei in boppeslach de finale einliks dien. Op 5-2 6-4 wie de winst fertsjinne foar Louise, Imke en de sterke Keninginne Sjanet. Ferrassend, mar wol mei rjocht!
     
    Ferrassend, omdat hja yn ‘e twadde omloop op 5-4 6-0 wûn hienen fan topfavoriten Ilse Tuinenga, Wiljo Sybrand en Manon Scheepstra. Tuinenga wienen net echt yn har spul kommen en makken te folle flaters. Yn de earste omloop wie de klapper – foar de measten taskôgers wie dat einliks al de finale – tusken Tuinenga c.s. en Anne Monfils, Nynke Sybrandy en Marrit Zeinstra. Foar DLG’ers: Wiljo tsjin Nynke. Foar de taskôgers waard in it partij om fan de smullen, kwa spanning yn elk gefal. Tuinenga hienen it bêste fan ‘t spul. Se kamen 3-1 foar, 4-2 en doe 5-3. Doe naam Nynke har jonge maten op sleeptou en brocht it partoer werom op 5-5. It lêste earst foel, mei troch in karmasterlike blunder, yn it foardiel út fan Tuinenga c.s. Mar dat barde wol op 5-5 6-6! En it wie, sa’t Nynke it treflik sei yn it ynterview foar KNKB-tv: ‘Ik bin bliid foar Wiljo, mar at se sa keatse at se krekt dien hawwe, winne se net!’ En sa barde it......         
     
     Fan links nei rjochts: Klasine Huistra, Annelien Broersma en Marije van der Meer 
    DSCI0505.JPG
    En sa stie, nei in moaie keatsdei, Marije van der Meer foar de tinte mei de sulveren leppel yn ‘e hân. Dy pakke se je net wer ôf. Lokwinske Marije!!     




    Welkom bij kaatsvereniging De Lege Geaën
    Kaatsvereniging De Lege Geaën is een actieve en bloeiende vereniging. De vele vrijwilligers, leden en niet-leden, zorgen ervoor dat de activiteiten van de club met veel enthousiasme kunnen worden gehouden. 
    Op dinsdagavond is er competitiekaatsen voor dames en heren. Op woensdag heeft de jeugd haar competitie en trainingen. Daarnaast organiseert de vereniging wedstrijden voor leden, federatiewedstrijden en KNKB-wedstrijden.      
         
    Er wordt gekaatst op de oude Finne in Goënga, het veld dat voor driekwart wordt omsloten door woonhuizen van De Boppeslach, de Hege Wier en 't Pôllehout. De open kant van het veld is gericht naar het open veld, richting de Snitser Âldfeart.

    De kaatskantine 'it Fintsje' is het 'thuis' van de kaatsers en kaatsters. Na afloop van de competitie en de wedstrijden is het gezellig en genoeglijk nazitten. 

    KF De Lege Geaën is aangesloten bij de  Koninklijke Nederlandse Kaatsbond    (KNKB).                          




















  • Nieuws

    Kaatsfestijn op de Oosterdijk wederom een groot succes

    maandag 25 september 2017
    Maar liefst 36 paartjes kaatsten mee tijdens het...
    Lees meer...

    Start Muurkaatsen zondag 8 en dinsdag 10 oktober

    zondag 24 september 2017
    Op zondag 8 oktober van 14:00 tot 16:00 uur is de start van het muurkaatsseizoen voor...
    Lees meer...

    Wiljo Sybrandy wint Veneboerklassement 2017

    zaterdag 16 september 2017
    Lees meer...