Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 12 septimber Nachtkeatsen leden senioaren

Op 12 september 2026 om 20:00 uur
locatie: Goaiïngea

Wat in prizen op de Oprommerspartij! - se komme miskien wol noait op

woensdag 27 mei 2026
IMG-20260527-WA0021.jpg
 Goaiïngea, 27 maaie 2026. In stielblauwe loft sjogge jim dizze foto. It wie prima keatswaar, mei in lichte frisse noardewyn. Elkenien soe in priis krije op dizze ûnderwilens klassiker fan kf De Lege Geaen: De Oprommersparij.
Oan de prizen op 'e tafel te sjen, soe men sizze: se dogge har bêst mar mei opromjen, de kommende 50 jier kinne se wol foarút! Der sieten wer hiele moaie âlde eksimplaren by, fan lyts oant grut. De jongsten geane meastal foar de grutste beker, mar soms pakt in 'jonky' in lyts eksimplaar. Sa'n famke of jonge sjocht al betiid oars tsjin de dingen oan (sis ik as amateur-psygolooch). Dit binne de priiswinners:


Kab. allegearre.jpg
A-totaal.jpg

Kabouters A (5 bern)

1. Jesper Abma  –  2. Tessa Wiersma  -  3. Liset Teernstra  -  4. Wytse Broekhuis  -  5.  Doutzen Mud (mist op de foto)

 

Kabouters B (5 bern)

 1. Fenna Zijlstra  -  2. Doete Abma  -  3. Elina Walstra  -  4. Yildau Winia  -  5. Menno Wiersma

   

B-totaal.jpg

Welpen (8 partoeren)

1.  Ronja Teernstra en Fardau Abma

2.  Remon Wiersma en Nycke Winia

3.  Jesse van der Zwan en Sjoerd Zijlstra

4.  Jelke Holtrop en Ella Bijma
Ferliezersrûnte
1. Digna van Dijken en Femme Jongsma
2. Janna Abma en Silte Walstra
3. Baukje Huitema en Fenna Mud
4. Amerins Kiestra en Herre Winia 
Welpen 1-4.jpg
Welpen ferl. 1234.jpg


Pupillen – skoaljeugd (3 partoeren)

1.   Tieme Holtrop en Mare van der Goot

2.   Jitse Bakker en Thymen Krikke

3.   Esther Lootsma en Eelco Kiestra


De einstriid om de krânsen gie hjir tusken it duo Tieme Holtrop en Mare van der Goot en Jitse Bakker en Thymen Krikke. It waard in spannende oangelegendheid. Tieme en Mare namen de lieding, kamen mei 5-3 foar, mar Jitse en Thymen knokten har werom ta 5-4. It earst dêrnei wie bloedspannend. Op 6-6 sloech Jitse poerbêst op, mei gong, mar Tieme sloech de grouwe keats hiel knap foarby.


Pup-skj 123.jpg
 
Nieuws

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...

Twadde kear De Golden Oldies fan it Fjild

zaterdag 22 augustus 2026
...
Lees meer...

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...