Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 12 septimber Nachtkeatsen leden senioaren

Op 12 september 2026 om 20:00 uur
locatie: Goaiïngea

Moaie Repko Sportprijzenpartij mei krânsen foar Janna, Tessa, Eelco, Imme Klaas en Elbrich - 2

vrijdag 13 juni 2025

It wie in lange mar moaie en waarme middei dy't trochsette oant djip yn 'e jûn, doe't de junioaren om goed healwei âlven de lêste bal slein hienen. De fjilden leinen fol, it paste allegearre krekt en sa kin de organisaasje weromsjen op in prachtige keatsdei.


Jeugd

De fjouwer partoeren famkes en jonges kamen nei in heale kompetysje ta in oerwinning foar Imme Klaas Kievit en Hendrika Stegenga. Nei twa oerwinnings moasten se noch even flink oan 'e bak tsjin Jiska Altenburg en Jetske Zijlstra. Dizze beide froulju joegen flink partij en joegen pas belies op 5-5 6-2. At se de partij wûn hienen, wienen se op tsjinearsten noch de boat yngien, mar dochs...


Junioaren

Yn dizze moaie klasse mei 7 partoeren wurke de tiid wat yn 't neidiel. Ruurd Oosterbaan, Elbrich Kooistra en Martzen Gerbrandy wûnen yn in moaie finale fan Sytze Jan Vries, Jorrit de Jong en Nynke Groenveld op 5-4 6-6. En doe't dy dien wie moast de ferliezersfinale noch los. En dan soest sizze: begjin mei spullen gelyk, mar nee... Alle earsten waarden meinommen en it wie wol geselllich achter de perken. Op 5-5 6-4 wie  de winst krekt noch foar Jurjen Hiemstra en Jeffrey van der Werf. Marcel de Groot, Berber van der Goot en Norah ten Brink stienen dêrtroch yn de djippe jûntiid mei lege hannen.


De útslaggen

Skoaljeugd  (8 partoeren)

1. Sybren Strikwerda (Itens) en Marije Poelsma (Reahûs)

2. Marrit Hoekstra (Skearnegoutum) en Marrit van der Weij (Easterein)

Ferliezersrûnte

1. Fenne Sijbesma (Easterein) en Sanne van Dijk (Reduzum)

Skoaljeugd alles.jpg


Jeugd (4 partoeren)

1. Hendrika Stegenga (Balk) en Imme Klaas Kievit (Sibrandabuorren)

2. Jiska Altenburg (Reahûs) en Jetske Zijlstra (Spears)

 

Junioaren  (7 partoeren)

1. Ruurd Oosterbaan (Snits), Elbrich Kooistra (Loaiïngea) en Martzen Gerbrandy (Nijlân)

2. Sytze Jan de Vries (Poppenwier), Jorrit de Jong (Abbegea) en Nynke Groenveld (Boalsert)

Ferliezersrûnte

1. Jurjen Hiemstra (Sibrandabuorren) en Jeffrey van der Werf (Reahûs)

Junioaren 1.jpg
Junioaren 2.jpg
 
Nieuws

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...

Twadde kear De Golden Oldies fan it Fjild

zaterdag 22 augustus 2026
...
Lees meer...

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...