Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Moaie Bern-âlderpartij mei ideaal keatswaar
De jeugdkommisje mei 'staazjerinner' Johan Cnossen
It wie minder drok as it wêze kind hie: foar it earst wienen de skoaljeugd en jeugd der net by. Mar foar de bern dy’t meidienen wie it der net minder om. It entûsjasme grut en de ynset wie totaal. En laitjsje en gûle lei somtiden wer ticht by elkoar.
Net alle bern keatsen mei harren eigen âlder. It ‘rekkenjen’ begjint by guon al jong: mei wa ha ik de measte kâns om te winnen! By de kabouters en welpen hie ûngefear de helte keazen foar in lienheit- of -mem. En by de pupillen keatste mar 16,66% mei in heit of mem. Soms tinke je wol ris: hoe komme dy twa by elkoar! Mar, dat binne de statistiken, it keatsen sels, dêr giet it om en dat wie wer prachtich. It bern stiet foarop en is meast yn aksje: foaryn en foarbêst op!
Hilarysk binne altyd wer de net bedoelde boppeslaggen fan de ‘âlders’, ja want dat dy kostet dy punten! En soms wie der even twifel: moat ik in fleanende bal keare, want miskien giet er boppe!
De Kabouters
12 partoeren op ‘e list. Yn de earste omloop kaam alles oan ‘e hang mei Janna en Jelmer Abma tsjin Suze Bokma en omke Thys. By einbeslút kamen dy twatallen ek yn de finale. Janna en Jelmer wûnen yn dy finale yn in moaie partij fan Jesse en Tjitske van der Zwan op 5-4 6-0. De 3de priis wie foar Age Bakker en Sytze Jan de Vries.
De ferliezersfinale wûnen Suze en omke Thys yn in iensidige partij fan Jildert en Jelle Bakker, 5-0 6-2.
De Welpen
Hjir wie in moaie list mei 9 partoeren. Wa soenen hjir winne? Oan de heale finale ta wienen de partijen frij iensidich. De partij op ‘e trije wûnen Wiebe Huitema en Maaike Faber fan Roel Hofman en Arjen Hofman, ûndanks ferheftige tsjinstân fan soan en heit, 5-3 6-6.
De finale soe in klapper wurde. Jesper Boersma en Marcel Boersma hienen de bêste papieren en dat utere him ek troch de sifers. Se kamen 5-3 foar, mar Wiebe en Maaike ‘fochten’ har hiel knap werom ta 5-5. Ja, en dan is krekt, hoe falt it baltsje dan pakt út yn ’t foardiel fan Jesper en Marcel, 5-5 6-2.
De ferliezersfinale wûnen Ravi de Vries en omke Jaring. Yn in moaie partij fersloegen se Dycke Bokma en Marrit Oosterbaan, 5-4- 6-2.
De Pupillen
In moaie keatserij mei 6 partoeren: trije kear lotsje en trije kear in oare maat.
Nei twa rûnten hienen trije twatallen twa kear wûn. By einbeslút wûnen Tiemen en omke Jan Teade Nauta trije partijen troch winst op de sussen Esther en Moniek Lootsma, 5-3 6-2. De earste finalist wie dus bekend.
Yn harren 3de partij pakten Femke en Richard van der Zwan krekt genôch earsten en mochten dus oantrede yn de finale tsjin Tieme en omke Jan Teade.
In moaie partij waard it. Femke en heit Richard wienen krekt even tûker, it leit soms oan lytse dingen. Tieme en Jan Teade keatsten goed, mar koenen it krekt net rêde yn dizze finale, 5-4 6-2.
De totaalútslach
Kabouters (12 partoeren)
1ste Janna Abma en Jelmer Abma
2de Jesse van der Zwan en Tjitske van der Zwan
3de Age Bakker en Sytze Jan de Vries
1ste ferl. Suze Bokma en omke Thys
2de ferl. Jildert Bakker en Jelle Bakker
1ste Jesper Boersma en Marcel Boersma
2de Wiebe Huitema en Maaike Faber
3de Roel Hofman en Arjen Hofman
1ste ferl. Ravi de Vries en omke Jaring
2de ferl. Dycke Bokma en Marrit Oosterbaan
1ste Femke van der Zwan en Richard van der Zwan
2de Tieme Holtrop en omke Jan Teade Nauta
3de Esther Lootsma en Moniek Lootsma