Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Freed 5 juny Regio ôfdielingskampioenskippen
Op 5 juni 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea
Freed 5 juny Federaasjepartij junioaren
Op 5 juni 2026 om 17:00 uur
locatie: Goaiïngea
Freed 19 juny Ferklaaipartij leden jeugd
Op 19 juni 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea
Fâkansjepartij bern: klein maar fijn en kort maar krachtig!
zaterdag 19 juli 2025
De earste fakânsjewike leit achter ús en dan hast in fakânsjepartij foar de thúsbliuwers of noch-net-fuortgeanders. De pupillegroep wie hielendal ôfwêzich, bleau oer in lyts groepke entûsjaste kabouters en welpen: 5 kabouters en 8 welpen. En spannend dat it wie!
Kabouters: finale Baukje tsjin Liset, in thriller
It moat in prachtige partij west hawwe, dy't einge op 5-5 6-6, alles oan 'e hang.
Mei winst op 't lêst foar Baukje Huitema, dus de krâns gie nei Gau, mar dy hie hie like goed yn Tersoal komme kind, by Liset Teernstra. En ja, der kaam wol in krâns yn Tersoal (sjoch fierderop!
En sa gienen Jelke Holtrop, Doutzen Mud en Fenna Mud sûnder priis nei hûs ta, mar foar dizze jongelju komme der altyd ek wer kânsen.
Útslach kabouters (5 dielnimmers):
1. Baukje Huitema 2. Liset Teernstra

Welpen: oppermachtige Thymen en Ronja
Trije moaie twatallen yn pûlferbân. Ja, en dan is it saak daliks yn de earste omloop wat goeds del te setten. It duo Jildert Bakker en Age Bakker die goede saken en Thymen Krikke en Ronja Teernstra ek. Yn de twadde omloop moasten Jildert en Age noch flink oan 'e bak tsjin Roel Hofman en Femme Jongsma, 5-5 6-6 winst foar Jildert en Age. Thymen Krikke en Ronja Teernstra wienen doe allang klear nei winst op Feija Bekker enJurre Bruinsma (5-1 6-0). De 'finale' gie dus tusken Thymen en Ronja en de seker net kânsleaze Jildert en Age. De lêsten hienen it har sels oars foarsteld: ferlies op 5-0 6-6. En wat noch sneuer wie: de 2de priis gie dêrtroch nei Roel Hofman en Femme Jongsma. Jildert en Age hienen oan ien earst genôch hân foar de 2de priis. Mar it wie fansels net sneu foar Roel en Femme.....
Útslach welpen (4 twatallen):
1. Thymen Krikke en Ronja Teernstra 2. Roel Hofman en Femme Jongsma



Nieuws
Âlde Hap Partij brocht brodzich waar en swier keatsen: Frjentsjer wint
zondag 31 mei 2026
...
Lees meer...
Wat in prizen op de Oprommerspartij! - se komme miskien wol noait op
woensdag 27 mei 2026
...
Lees meer...





