In nije kening yn Gau: Jurjen Hiemstra
De wedstriid begong einliks al op tongersdeitejûn, mei de lotting. It lûken fan it eigen lot, dat dy foar de hiele dei oan twa maten bine soe. Oef, wat in spanning. Ha ik dit jier wat in better partoer? Is der in A-keatsers dy’t in hiele bêste B en C by him hat? Want dat is net ‘earlik’, mar sa wurket it. Der stienen 28 partoeren op 'e list.
Trije soarten keatsers en keatsers dienen mei: aktive leden fan kf DLG, minsken dy’t yn jongere jierren wol keatst hawwe en no noch ien kear yn ‘t jier meidogge en dus it spultsje kenne en minsken dy’t foar it earst keatse. En dêr tuskenyn hast fansels wer allegearre gradaasjes: bist sportyf, hast balgefoel ensafh. It moaist is fansels ast in partoer hast mei minsken dy’t geregeld keatse, want dan hast mear kâns op in priis. Mar wat wie no it moaie? Der wie mar íen partoer dat bestie út minsken dy’t geregeld keatse, sis mar hast elke wike.
Fiif omlopen: dat wie it programma dizze dei. En dat is net neat. Guon koenen de oare deis mar kwalik rinne. Oan ‘e list te sjen wienen der gjin partoeren dy’tst daliks wol de priis meijaan koest. It wie daliks al spannend. Seis fan de 14 partijen eingen op 5-5, wêrfan trije op 5-5 6-6.
Wy folgje de priiswinners mar wat. Nûmer 1 op ‘e list, Jurjen Hiemstra, Patrick Koelemij, de Gauster follyballer, en opslagger Riemy Reitsma fan Reduzum moasten pas yn ‘e heale finale flink oan ‘e bak. Arjen Radix, Patricio Venekamp en Jan Cuperus dienen der alles oan, mar koenen it krekt net rêde: 5-5 6-2. Finale dus foar Hiemstra c.s.
De oare finalisten wienen Evert Sijbesma (ien kear kening west, yn 2022), Wiebe Sijbrandij (ien kear yn ‘t jier aktyf, mar wol balgefoel) en Tsjikke Dotinga, ja it bliuwt in pakesizzer fan de tûke Tsjitse Dotinga. Dit partoer krigen yn de earste omloop allinnich fiif earsten tsjin. En dat wie tsjin Jelmer de Jong, Tsjalling Hospes en Marit de Jong. En lit dy dan ek de 1ste priis yn ‘e ferliezersrûntre winne! Mar dêr letter mear oer. Sijbesma berikten de finale troch yn de heale finale Ruurd Jan Leenstra, Remco de Haan en Garina Algra te ferslaan op5-2 6-4.
Finales
De finale – Hiemstra c.s tsjin Sijbesma c.s. – wie moai, spannend en ûnderhâldend. De beide opslachsters, Riemy en Tsjikke, hâlden de foarynse fan de tsjinstanners flink dwaand en se dienen dat hast foutleas. Sa waarden de A-keatsers ‘miskeatst’. It tuskenspul wie oer de hiele dei in lust foar it each en dat wie yn de finale net oars. De partij gie lykop oant 4-4. Doe setten Jurjen, Patrick en Riemy troch en pakten de winst op 5-4 6-2.
De finale yn ‘e ferliezersrûnte gie tusken de al neamde Jelmer de Jong, alwer in pear jier Gauster, Tsjalling Hospes, studint yn Ljouwert, en Marit de Jong fan Raerd en keatsend yn Goaiïngea en it trio Corné Langeberg, altyd entûsjast en beweeglik, de deeglike Wytske Boschma, krekt ferhuze fan Goaiïngea nei Poppenwier, en Esther Lootsma út Goaiïngea, mei har 13 jier de jongste dielnimmer, mar wol KNKB-keatster! It wie al gau dúdlik: Jelmer en syn maten soenen dit winne en dienen dat ek: 5-3 6-4.
1. Jurjen Hiemstra (K) - Patrick Koelemij - Riemy Reitsma
2. Evert Sijbesma - Wiebe Sijbrandij - Tsjikke Dotinga
3. Ruurd Jan Leenstra - Remco de Haan - Garina Algra
4. Arjen Radix - Patricio Venekamp - Jan Cuperus




Ferliezersrûnte
1. Jelmer de Jong – Tsjalling Hospes – Marit de Jong
2. Corné Langeberg – Wytske Boschma – Esther Lootsma
3. Jesse Cuperus – Esmee Suierveld – Fokke Postma
4. Jacob Dotinga – Jelte Jan Fopma – Djurre van der Ploeg







