Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Moaie en sfearfolle fakânsjepartij foar de grutten mei leuke winners

zaterdag 19 juli 2025
7.jpg
6 Alles.jpg
 Nei in moaie dei rikten Jouke Dotinga en wedstriidkommissaris Marcel de Groot (hy stie oan 'e kant omdat er nei meidwaan koe) de prizen út. De partij, sponsord troch restaurant SALT út Terherne (dêr skine konneksjes te lizzen mei ús club), telde 11 partoeren, dy't fêststeld waarden troch sels in bierdop mei in nûmer te pakken. Ja, en kinst hiele aardige dingen krije (krekt as mei de Oranjefeestpartij). Jo hawwe it lot yn eigen hannen. Gjin twa klassen dus en seker gjin aparte klassen foar froulju en manlju. 

Spannende partijen
De krânsen wienen foar Marco van der Goot, Wytse Symen Boschma en Wytske Boschma. Sy hienen yn de earste omloop in steand nûmer. Njoggen fan de tsien steanbliuwende partoeren ferlieze de partij yn de twadde omloop, mar dus net Marco en syn maten, dy't  fakkundich Jan Feenstra, Maaike de Jong en Germ Bergstra it bosk yn stjoerden. En ja, dan hoege jo noch mar ien kear te winnen om yn 'e finale te kommen. No, dat wie noch wol even in dinkje tsjin Evert Sijbesma, Eline van Dijkhuizen en Jelmer Molenaar.  De partij fan 'e dei soest sizze kinne. Alles kaam oan 'e hang en it foel de kant út nei Marco, Wytse Symen en Wytske. Finale berikt!
Ek in sterk partoer op papier wie it trio Wybren Jorritsma, Jacob Dotinga en sjedêr, hy is der gelokkich wer by, Catrinus Kooistra. Normaal slacht Catrinus foarbêst op, mar no waard it foarperk syn domein. De measte ballen hâlde hy der út, hiel nuttich (se hoege allegearre net boppe!). 
Yn de earste omloop wie it dreech tsjin Sibbele Lootsma mei Aaltsje Kroes en Riemy Reitsma: winst op 5-4 6-6 en yn de twadde omloop, de partij om de preemje of neat, Jelmer de Jong, Jelke Hindrik de Vries en Harmen van Gelderen, 5-2 6-2. Finale berikt!
It waard in moaie pot, mei alles derop en deroan. Op 5-4 6-0 wie de winst fertsjinne  foar Marco, Wytse Symen en Wytske. 

Ferliezersfinale
Ja, en de finale yn de ferliezersrûnte gie tusken Jurjen Hiemstra, Marrit Oosterbaan en Oeds Broersma. De kening  fan in wike earder yn Gau koe syn maten net nei de winst liede tsjin Nolke Bergstra, Jorrit de Jong en Herre Cnossen. Op 5-3 6-6 wie de winst foar Nolke, Jorrit en Herre.

De útslaggen
1. Marco van der Goot - Wytse Symen Boschma - Wytske Boschma
2. Wybren Jorritsma - Jacob Dotinga - Catrinus Kooistra
3. Evert Sijbesma -  Eline van Dijkhuizen - Jelmer Molenaar
1.jpg
2.jpg
3.jpg
Ferliezersrûnte
1. Nolke Bergstra -  Jorrit de Jong - Herre Cnossen
2. Jurjen Hiemstra - Marrit Oosterbaan - Oeds Broersma
4 ferl. 1.jpg
5 ferl. 2.jpg
 
Nieuws

Fâkansjepartij bern: klein maar fijn en kort maar krachtig!

zaterdag 19 juli 2025
De earste...
Lees meer...

Moaie en sfearfolle fakânsjepartij foar de grutten mei leuke winners

zaterdag 19 juli 2025
...
Lees meer...

In nije kening yn Gau: Jurjen Hiemstra

vrijdag 11 juli 2025
De wedstriid...
Lees meer...