Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Freed 14 augustus IJsjespartij leden jeugd
Op 14 augustus 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea
Snein 16 augustus KNKB Famkes frije formaasje AB
Op 16 augustus 2026 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea
Snein 16 augustus KNKB Skoalfamkes t.i.l. AB
Op 16 augustus 2026 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea
De kop is der ek ôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij - senioaren
maandag 27 april 2026

Foarsitter Jouke Dotinga iepene it nije seizoen by de senioaren mei in tapraak. Hy neamde de ôfgeande kommisjeleden, Petra Fekken (frouljuskommisje), Arjen van der Zee (sponsorkommisje) en Marco van der Goot (jeugdkommisje). Marco wie der wol en hy krige in blikje mei lekkere snobberij. Harmen van Gelderen kaam yn it sintsje foar it lintsje dat him takend wie: de earste krâns fan it seisoen wie sadwaande foar him.

Dêrnei koe de partij los gean mei in moaie 12 partoeren op 'e list. Skriuwer fan dit stikje kaam pas yn 'e heale finale werom yn Goaiïngea (foar it earst yn syn libben hie hy op Keningsdei/Keninginnedei yn Snits west).
Yn de heale finale fan de ferliezersrûnte wûnen Jelmer Foppe Drijfhout, Klaas Fokke Plantinga en Siebrigje Nynke Boschma yn in moaie partij fan Jurjen Hiemstra, Jelmer Molenaar en Antsje Kievit, 5-3 6-0.
Yn de finale troffen se Marcel de Groot, Foeke Jan Raap en Hylke Faber. De Groot c.s. namen in 3-1 foarsprong, mar krigen dêrnei net in earst wer en ferlearen op 5-3-6-6. It wie wol in moaie partij om te sjen!
Yn de heale finale fan de winnersrûnte stienen Nolke Bergstra, Marrit Oosterbaan en Fenna Krikke tsjinoer Jelmer de Jong, Marije Jonker en Riemy Reitsma. Troch sterk keatsen wûnen De Jong c.s. dizze wol moaie partij op 5-2 6-2. (Yn de earste omloop hien De Jong c.s. yn in tige spannende partij wûn dan Jelmer Foppe Drijfhout c.s. op 5-4 6-6.)
De oare finalisten wienen Jeen Brinksma, Jelke Hindrik de Vires en Rixt Oosterhaven. Dat koenen de lêsten lang net hâlde en sa wie op 5-2 6- de winst foar Jelmer de Jong, Marije Jonker en Riemy Reitsma.

De útslaggen
1. Jelmer de Jong - Marije Jonker - Riemy Reitsma
2. Jeen Brinksma - Jelke Hindrik de Vries - Rixt Oosterhaven
3. Nolke Bergstra - Marrit Oosterbaan - Fenna Krikke



Ferliezersrûnte
1. Jelmer Foppe Drijfhout - Klaas Fokke Plantinga - Siebrigje Nynke Boschma
2. Marcel de Groot - Foeke Jan Raap - Hylke Faber
3. Jurjen Hiemstra - Jelmer Molenaar - Antsje Kievit



Nieuws
En dit binne de priiswinnende thúsbliuwers fan de Thúsbliuwerspartij
vrijdag 17 juli 2026
Wat dogge...
Lees meer...
Froulju 1ste klas: moaie 2de priis foar Berber van der Goot en Brecht Renema
zondag 28 juni 2026
...
Lees meer...





