Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Ferrassing Ald Meiers: Elbrich, Jetske en Martsen winne de 2de priis; foar Brecht mei Balk is de sulveren ponge
‘Grande dame’ Brecht Renema ferslacht mei Balk
Goaiïngea twa kear!
Mei twa partoeren stie Goaiïngea op ‘e list
Hitsum, én mei ús Gaastmarder lid Brecht Renema, dy’t foar Balk útkaam. Op it
lêste NK hie Balk in moaie 2de priis pakt achter Lollum/Waaksens en dy die
hjoed nét mei! Dus....
De kop is derôf
Mar jo moatte it mar wier meitsje. En dat dienen se daliks al yn de earste omloop troch Goaiïngea 1, dat troch de blessuere fan Rigt van der Velde net op de gewoane sterkte keatse koe, te ferslaan. Berber van der Goot en Ilse Baanstra hienen Minke Lys Leenstra mei as 3de maat en dat is fansels net de meast tankbere taak. Se woenen wol, mar koenen net. It waard in walk-over, 5-0 6-2. Hiel spitich. Balk hat dêrmei it earste Goaiïngeaster partoer hân.
Mar no earst nei Goaiïngea 2 mei Elbrich Kooistra
oan de foarbêst-opslach, Jetske Zeilstra foaryn en Martsen van der Goot
achteryn en oan de 2de opslach. Se hienen net echt ferwachtings en dat wie logysk.
Oaren wienen favoryt. Earst wie Arum dêr, ek net snotterich, en dy pakten se op
5-5 6-6. Wat hie de dei oars west as se dat ferlern hienen!
En dan troch, want winst op it sterke Eksmoarre soe in steand nûmer opleverje én
in healefinaleplak. En wat se net ferwachte hienen, barde wol: Eksmoarre waard
ferslein op 5-3 6-0. En de heale finale wie berikt. En dan kinst sizze: wy ha
gelok hân mei it lot en do bist miskien al tefreden mei in 3de priis.
En dan.....de heale finales
It gie oars. It sterke Nijewier, dat soe net maklik wêze. En dat wie it ek net. Oan spullen gelyk wie der gjin ferskil. Dan begjint Nijewier flaters te meitsjen oan de opslach. Op 3-2 6-0 wurdt foar de grutte keats keard en is it 4-2. En sa sette út froulju troch nei in 5-2 foarsprong. It wurdt noch 5-3 en dan is it noch net út. Mar Nijewier kin it net wier meitsje, op 5-3 6-4 falt de bal op de perkline en is it dien.
Frij wol tagelyk is de oare heale finale dien. Brecht Renema ferslacht mei Maren de Vries en Hendrika Stegenga yn in dochs wol swiere partij (faak 6-6) de winst op Hijum/Feinsum , 5-2 6-2. Nei de earste omloop hie Balk Reahûs/Turns ferslein op 5-1 6-6 en dêrnei Sint Anne op 5-2 6-2.
De finale
De finale dus fan Goaiïngea 2 tsjin Balk. Balk hie in omloop mear keatst en foar Brecht Renema hie de dûbele funksje (foaryn en foarbêst op) miskien wol tefolle easke. En ús froulju? Dy hawwe neat te ferliezen en alles te winnen!
En dat like wol sa te wêzen. It waard in echte striid. Balk naam wol hieltyd de foarsprong, mar troch goed keatsen kaam Goaiïngea wer werom. En dat gie oant spullen gelyk ta. Jetske spilet har bêste partij fan ‘e dei en Martsen groeit ek yn de partij. Goaiïngea pakt in ferrassende 3-2 foarsprong, mar dêrnei rint Balk troch bêst keatsen troch nei 4-3. Mar dan, op 6-6 pleats Elbrich in perfekte tuksenynse sitbal, 4-4.
Mar dan is it oer. Sa as de froulju yn it ynterview dêrnei seinen: 'As it moat, dan pakke wy troch.'
It folgjende earst is, swier befochten, foar Balk, 5-4. It lêste earst is samar foar Balk en de sterke Brecht slacht op 5-4 6-0 boppe. Lowinske, alle froulju!
Prachtich fansels, wat in dei. Goaiïngea hie twa coachen, de heiten Marco van der Goot en Gauke Zijlstra, ien op 'e boppe en ien achter it perk. En Balk hie fansels Pieter Hofstee, sweager fan Gauke en hjoed noch grutsker as earder dit jier op it NK. Wat in dei sa’n Ald Meiersdei! (foto's Lieuwe Bosch)
Jelmer Drijfhout en Maureen Stok sterke winners VeegPiettoernoai