Muorrekeatsen B-groep
Muurkaatsen op vrijdag 45+
Muorrekeatsen A-groep
Âlde Hap Partij - KNKB 50+ frije formaasje: íen krâns yn Goaiïngea en nét twa yn Gau!
Goaiïngea 12 maaie 2024
De griene brigade yn de B-klas
It hie sa moai west, trije krânsen foar ús DLG’ers Jacob Dotinga, Jaring Ypma en Jan de Groot. It mocht net sa wêze. Net dat wy it ‘ús’ Age van der Goot net gunne, nee fansels net (‘Hy wie der ek wer in kear oan ta’, hearden wy.). Age hie steld mei heit en soan Roel en Peter Sijbesma en dan binne jo daliks mei-favoryt. Yn 2023 fersloegen sy Johan Wittermans, Harmen van Gelderen en Jan de Groot noch, wat betearde yn in hânblessuere foar Jan: hy skeat mei syn fingers yn ‘ e grûn. Alle mûzegatten yn it fjild wienen tichtmakke, dat de risiko’s wienen no minimaal.
It waar wie prachtich, mar de lestige wyn út it easten makke dat der noch alris in bal bûten gie. Yn is winst, dat jilde dizze dei ek wer.
By de A-klasse wie Jouke Dotinga skiedsrjochter, by de B’s Timen van Gelderen, assistearre troch it karmasters-korps, dat yn moaie grienen frijwilligersjaskes stutsen wienen. Krekt as foargeande jierren waard dizze partij sponsord troch De Âlde Hap, de tiisdeitejûnmannen fan de stamtafel. Rimmer Osinga hie sels 6 caken bakt ('mei boerebûter!') en de hiele mieddei gie de tsiis en woarst rûn, ek al sa'n tradysje!
Wietse Punter krekt net yn 'e finale
En der wie noch in DLG-lid yn 'e B-klas, âld-Legeaenster Wietse Punter, no Grouster. Mei syn maten Simon de Groot en Klaas van der Vlugt ferlearen se, nei in steand nûmer yn ‘e earste omloop, yn in o sa spannende striid fan Sijbesma, Sijbesma en Van der Goot, 5-5 6-0. Fan ‘t selde hie dat oarsom west! Sijbesma c.s. kamen de earste omloop simpel troch. Dat wie foar de griene brigade Dotinga, Ypma en De Groot net it gefal. Nei in stroef begjin, kamen ús mannen op slach en dêr hienen Wybren van der Woud, Klaas Kramer en Jan Fokke Mulder net mear in goed antwurd op: 5-3 6-2.
Om de preemje of neat
Dé klapper wie de striid fan Jacob Dotinga, Jaring Ypma (hy koe meidwaan, omdat hy sneins net sutelt!) en Jan de Groot yn de twadde omloop tsjin Sipke Hiemstra, Pieter Porte en Jan Vellinga, net snotterige keatsers. It rûn earst foar gjin meter, 4-1 achter, en de wienen net folle dy’t der noch wat foar joegen. Mar wat barde? De mannen krûpten earst foar earst tichterby. Op 4-3 6-6 jout Jacob in perfekte sleauwe sitbal, 4-4. En dan trochpakke fansels, mar nee in yn sucht stienen se 5-4 achter en ja, wat dan? It wurdt 5-5 yn in striid op karakter. En alles komt oan ‘e hang mei in moaie keats om te ferdedigjen. Jacob slacht op, de bal wurdt útslein troch it perk, Jacob mist by it kearen, mar dan is dêr Jan de Groot, dy’t krekt as in jier earder op ‘e bal ôfdûkt as in kamikazepiloat en no keart foar it blokje. De finale is berikt: ‘en dan no in steand nûmer’.
Van der Goot c.s. makliker yn ‘e finale
Nee, dan hawwe Age van der Goot en de Sijbesma’s it makliker hân en dat seit fansels wat oer harren kwaliteiten. Op ‘e trije winne se fan de winners fan 2023, Rutger Fopma, Johannes der Jong en Jochem de Vries, 5-1 6-4.
Even werom yn ‘e tiid: yn 1989 hat Jochem de Vries mei Bouwe van der Veer en Gerrit Fokkens noch in kear in partij wûn hawwe yn Goaiïngea. Jochem sei: ‘De Bakkerij Greidanuspartij!’ Hy hie it tegeltsje noch, sei er! (Kloppet, sjoch it Jubileumboek út 2003, side 167).
Werom nei 35 jier letter, de finale yn 2024
In tige fertsjinne finaleplak dus foar Peter Sijbesma, Age van der Goot en Roel Sijbema nei trije winstpartijen. Hienen Dotinga, Ypma en De Groot te lang sitten? Se koenen der mar min yn komme. Sijbesma c.s. kamen 3-0 foar. It senario fan de eardere partij liket him te werheljen. De griene mannen komme sterk werom en rinne troch nei
4-3 foar. Wer trochpakke fansels, mar nee, it wurdt 4-4. It ferset is brutsen as Sijbesma c.s. 5-4 foar komme. Op 5-4 6-2 is it dien en bliuwt der dochs in krâns yn Goaiïngea, oan de Hege Wier, by huize Age van der Goot!
Hjir binne 8 partoeren, ferdield yn twa pûls fan fjouwer. Twa DLG-leden dogge hjir mei, de ‘Snekers’ Keimpe Talsma en Arjen Hettinga. Yn harren pûl ferlieze se de earste partij op 5-5 6-6 fan Piet Machiela, Johan Hiemstra en Piet Zondervan . De twadde partij ferlieze se jammerlik op 5-1 6-6 fan de lettere preemjewinners Tjeerd Dijkstra, Siebe Tolsma en Evert Tolsma.
Yn dy finale binne Mannes van Weert, Johnpeter Boersma en Wilco Fopma fierste sterk foar Dijkstra c.s., 5-1 6-4. Yn de striid om de 3de priis komt de winst ta oan Hilbrand Smid, Bertus Bootsma en Ibo Nicolay. Sy winne fan Piet Machiela, Johan Hiemstra en Piet Zondervan.
De útslaggen
A-klas (8 partoeren)
1. Mannes van Weert (Ljouwert) – Johnpeter Boersma (Sint Anne) – Wilco Fopma (Mantgum)
2. Tjeerd Dijkstra (Easterein) – Siebe Tolsma (Winsum) – Evert Tolsma (Dronryp)
3. Hilbrand Smid (Wytmarsum) – Bertus Bootsma (Wommels) – Ibo Nicolay (Britsum)
B-klas (9 partoeren)
1. Peter Sijbesma (Easterein) – Roel Sijbesma (Easterein) – Age van de Goot (Goaiïngea)
2. Jacob Dotinga (Gau) – Jaring Ypma (Gau) – Jan de Groot (Goaiïngea)
3. Rutger Fopma (Bears) – Johannes de Jong (Warkum) – Jochum de Vries (Wiuwert)
Ferliezersrûnte
1. Marcus Elzinga (Bitgummole) – Maikel Versnel (Sint Anne) – Harmen Westra (Kimswert)
Prachtich Nachtkeatsen JEUGD as ôfsluting seizoen 2024