Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Twadde kear De Golden Oldies fan it Fjild

zaterdag 22 augustus 2026
Allegearre.jpg
22-08 Golden Oldies - kopie.jpg
Tagelyk mei de De Jager Timmerwerkenpartij hienen de 45-plusfroulju harren tintsje opslein, hast by Sietse en Fogelien van der Meer achterhûs. 

Se sochten foarich jier noch om in namme en dat is wurden: De Golden Oldies fan it Fjild. 
De organisaasje hie 12 froulju op papier krigen en trochdat der ek net-keatsters kamen te sjen waard in gesellich gehiel, krekt as yn 2025. 
A-B-C
De 12 froulju wienen ferdield yn trije klassen: A, B en C. Trije kear waard alles troch elkoar lotte. It waarden dus yndividuele prizen. Nei elke spile omloop wie der in romme pauze. Foar de neutrale taskôger wie in moai spektakel om froulju oan 't wurk te sjen dy't mei alle ynset besykje de punten te pakken. Mei de grutte bal is dat fansels it moaist.
Spannende punten
Fan de fjouwer A-froulju wie Antsje Kievit de sterkste mei 17 punten, mei Margriet Adema as goede 2de mei 15 punten. 
Fan de fjouwer B-froulju kamen trije ít op 15 punten, hoe kin it sa. Sjoukje Dotinga hie de minste tsjinearsten en dêrnei Etta Dotinga.
Fan de C-froulju wûnen Anneke de Groot en Lolkje Huitema alle trije partijen, 21 punten dus, mar foar Lolkje wie de krâns. Sy hie minder tsjinearsten. Nei ôfrin rikten Antsje Kievit en Aaltsje Wesselius de prizen út. 
De útslach
1. Antsje Kievit - Sjoukje Dotinga - Lolkje Huitema
2. Margriet Adema - Etta Dotinga - Anneke de Groot
1ste en 2de priis.jpg
 
1ste pris.jpg
 
2de priis.jpg
 
Nieuws

Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint

zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...

De jeugd beslút it seizoen yn it tsjuster!

vrijdag 11 september 2026
De...
Lees meer...

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...