Snein 18 maaie KNKB famkes ôfd. + ferl. afd.
Snein 18 maaie KNKB skoalfamkes AB t.i.l.
Woansdei 4 juny Kampioenskip Súdwest-Fryslân foar basisskoallen
Trije kear is skippersrjocht foar Keimpe op Âlde Happartij!
Goaiïngea. In waarme sinne en in stevige sydwyn, sjoch dêr de betingsten om gau brún te wurden. De measte aktive 50-pluskeatsers binne dat meastal al aardich, dus dêr dogge se it net mear foar. It waard de dei fan Keimpe Talsma, ús Snitser lid. Hy hie in wike earder yn Berltsum al wûn en ôfrûne tongersdei yn Stiens. It wie knikkert op ‘e kant, pas nei in wertelling fan de punten kaam út dat hy en syn maten Siebe Tolsma en Jan Douwe Gerbranda de finale spylje mochten. Us Wartenser lid Wietse Punter - A-keatser foar ien dei - hat even hope op de finale, mar hy hie ien tsjinearst te foll. Mar earst wat oars.
Heel Osinga bakt
De Alde Hap wie sponsor fan de partij. Rimmer Osinga hie de hiele wike oan ‘t cakebakken west, as traktaasje foar de keatsers en taskôgers. De kwaliteit hie him in priis oplevere as der in wedstriid west hie. En de hapkes tsiis en woarst gienen geregeld rûn. De keatsers yn ‘t perk namen dan ek wat.
It bylotsjen wie in ‘feest’ de B-klas
Goed, wy begjinne mei de 9 B-partoeren. Yn de earste omloop wûn ús Jan de Groot mei Wybren van der Woud en Harmen Westra nei in stroef begjin op 5-2 6-2 fan Murk de Jong, Hielke Raukema en Jacon van der Pol.
Jacob Dotinga ferlear mei syn maten Rutger Fopma en Alle Sterk krekt yn de earste omloop op 5-5 6-2 fan Haye Hempenius, Roel Venema en Bennie Hof. As opslagger moast Jacob ek noch achteryn. Dêrnei setten de mannen troch en berikten de finale fan de ferliezersrûnte. En dy wûnen se!
En dan hienen wy noch Age van der Goot, Wibe Hoitinga en Maikel Versnel. Kânsleas ferlearen se fan Lieuwe Althof, Steven Kramer en Klaas van der Vlugt, 5-2 6-4.
En doe rekke Age syn maten kwyt oan Anne Siderius, dy’t ek syn maten kwyt rekke wie oan nûmer 9 op ‘e list. Pieter Porte en Jan de Boer kamen by Gerrie Otter en dy pakten noch de 3de priis.
Mar wûnder, Anne, Maikel en Wibe ferlearen yn de twadde omloop en doe krige Age syn maten werom en sa moasten Wibe en Maikel nóch in kear de twadde omloop spylje en dat wûnen se fan Murk de Jong, Hielke Raukema en Jacob van der Pol, neidat Murk troch in knibbelblessuere útfallen wie.
De finale yn de ferliezersrûnte gie dus tusken Rutger Fopma, Alle Sterk en Jacob Dotinga en it partoer Age van der Goot, Wibe Hoitinga en Maikel Versnel. Fopma c.s. wûnen dat aardich maklik op 5-3 6-2. In pryske dus foar Jacob!
Neame wy noch even Jan de Groot, dochs wol de bêste fan syn partoer. Op ‘t lêst sloech hy ek noch foar bêst op. En hy wie yn ‘t tuskenspul wer knap op dreef. It waard in spannende partij yn de twadde omloop tsjin Hans Diekman, Simon de Groot en Herman Osinga. Nei in achterstân fochten Jan en syn maten werom, it waard 5-5 6-6 en doe wie de lêste slach dochs noch foar Diekman c.s.
Finale B-klas
Diekman, De Groot en Osinga dienen it dêrnei yn de finale noch justjes oer. Tsjin Lieuwe Althof, Steven Kramer en Klaas van der Vlugt kaam ek alles oan ‘e hang. In bûtenslach fan de tsjinstanner brocht de winst foar Diekman c.s.
Skiedsrjochter wie Jouke Dotinga en hy hat it net dreech hân, al wie it wol in lange dei!
A-klas: wat in finale!
De 6 partoeren spilen in heale kompetysje neffens in fêst skema. Skiedsrjochter Francisco Oosterbaan moast alles yn goede banen liede en die dat prima. Oan ‘e ein kaam it lestichste: it optellen fan de punten! Oant en mei de lêste omloop wie it ûnwis wa’t de beslissende partij spylje moasten. En wa bliek: net ien partoer hie trije kear wûn.
Trije partoeren hienen 18 punten. Even like it derop dat ús Wietse Punter de finale spylje mocht. Mar in wertelling levere him en syn maten 15 tsjinearsten op. Twa oare partoeren hienen 14 tsjinearsten en wat wie de grap: dy beide partoeren hienen krekt yn de lêste omloop noch tsjin elkoar spile. Piet Machiela, Wilco Fopma en Marco Lautenbach hienen dat krekt wûn fan Siebe Tolsma, Keimpe Talsma en Jan Douwe Gerbranda, 5-4 6-4.
Wat soe de finale bringe?
No dy brocht yn elk gefal in protte ferbaal geweld, benammen fan Wilco. Snedige opmerkings: nei in boppeslach fan Marco Lautenbach, dy’t even foar yn ‘t perk stie: ‘Ja, no kinst wol boppe, stiest even tichterby.’
Ûnder lieding fan Wilco Fopma naam syn partoer de foarsprong. Tolsma, sterk yn it ‘dellizzen’ fan de bal, kamen werom en kamen nei 4-4 yn earsten foar it earst foar te stean: 5-4. Dat lieten se ek net wer los. Keimpe wie goed oan ‘e opslach, mei in protte fariaasje. Sa pakten se de winst op 5-4 6-6 fertsjinne. Hast deselde útslach as in oere earder, mar dan oarsom.
De útslaggen
A-klas (6 partoeren):
1. Siebe Tolsma (Winsum), Keimpe Jan Talsma (Snits) en Jan Douwe Gerbranda (Frjentsjer)
2. Piet Machiela (Sint Jabik), Wilco Fopma (Mantgum) en Marco Lautenbach (Hjerbeam)



B-klas (9 partoeren)
1. Hans Diekman (Ljouwert), Simon de Groot (Mullum) en Herman Osinga (Ingelum)
2. Lieuwe Althof (Stiens), Steven Kramer (Frjentsjer) en Klaas van der Vlugt (Wommels)
3. Gerrie Otter (Goutum), Pieter Porte (Wommels) en Jan de Boer (Boalsert)
Ferliezersrûnte:





De kop is der wer ôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij
De bern fan kf DLG moasten Keningsdei betiid oan 'e bak



