Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Sytze Jan de Vries foar ien jier Oranjekening

vrijdag 19 juli 2024
1.JPG

Gau. In rekôrd oantal partoeren die mei, 32 stiks. It is hiel lang dat wy sa heech yn 'e beam sieten mei safolle dielnimmers. Nei in lange, waarme dei, dy't duorre fan moarns 9 oere oant 18:30 oere, kamen de folgjende minsken foar de tinte te stean: 

1. Sytze Jan de Vries (K) –  Jorrit de Jong –  Jildou de Vries 
2. Egbert Heins – Jildou Twijnstra – Etta Dotinga 
3. Arjen Radix  –  Abe Postma – Wytse Hospes
3. Timen van Gelderen –  Djurre van der Ploeg  –  Jannie van Gelderen 
Ferliezersrûnte
1. Marco Lobregt  –  Cast de Jong – Rients Huitema jr
2. Jurjen Hiemstra  – Fokke Postma – Tsjikke Dotinga
3. Arjan Mutsaers – Marrit Oosterbaan – Rixt Velstra 
3. Marcel de Groot – Martsen van der Goot – Anne Sjoukje Leenstra 


It wienen terjochte winners, mei it sterkste perk fan de dei en in stabile foarbêst-opslach fan Jildou de Vries. Jorrit de Jong makke yn it tuskenspul prachtige kaprioalen (jo binne keeper of net) en powerman Sytze Jan prestearde de hiele dei goed achteryn en foarminst op. Net dat se it krigen hawwe. Yn de earste omloop waard it partoer Jouke Dotinga c.s. oan 'e kant setten (5-4 6-4), doe twakeartwaddeop'eFreule-Sibe Wijbrandi mei Tsjits Kramer en Lútsen Winia jr (5-3 6-2). Yn de heale finale priiswinner gie it hast mis tsjin Timen van Gelderen, Djurre van der Ploeg en Jannie van Gelderen (4-1 foar, 5-4 achter en dan winne op 5-5 6-2). Yn in prachtige finale wûnen se doe fertsjinne fan Egbert Heins, Jildou Twijnstra en Etta Dotinga, mar wat skeelde it, 5-4 6-2.   
Yn de ferliezersfinale setten Marco Lobregt, Cast de Jong en Rients Huitema it ferlies yn 'e earste omloop tsjin Nolke Bergstra, Jan Cuperus en Wytske Boschma wat rjocht. Yn in pittige partij wûnen se fan Jurjen Hiemstra, Fokke Postma en Tsjikke Dotinga, 5-3 6-6!

Hast alle 'grutte kanonnen' waarden dizze dei ien foar ien oan 'e kant setten. Ja, sa'n 'kanon' kin it ek net allinnich. Mei in  slutend partoer kinst in hiel ein komme! 


2.JPG

 
3a.JPG
 
3b.JPG
Ferl. 1.JPG
 
Ferl. 2.JPG
Ferl. 3a.JPG
Ferl. 3b.JPG
 
Nieuws

Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint

zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...

De jeugd beslút it seizoen yn it tsjuster!

vrijdag 11 september 2026
De...
Lees meer...

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...