Sjoerd Dotinga ferstoarn
maandag 26 februari 2024

Op tongersdei 15 febrewaris waarden wy opskrille troch it tryste
berjocht fan it ferstjerren fan Sjoerd
Dotinga.
Hy is op freed 23 febrewaris te hôf brocht yn syn berteplak Sibrandabuorren. Sjoerd hat 40 jier jier lang keatsend lid fan ús feriening west. Hy wie in markant man, faak dúdlik oanwêzich, freonlik en belangstellend.
It meast hat Sjoerd aktyf west bûten ús club, ûnder mear yn it KNKB-keatsen, as
foarsitter fan iisclub 'Adam en Atze' en fan keatsferiening 'Sneek'.
Wy winskje syn neiste famylje in protte sterkte ta mei dit ferlies.
In moai libbensferhaal kinne jim lêze op de KNKB-side, skreaun troch Rynk Bosma.
Wy hoopje letter noch op in oar plak omtinken te jaan oan Sjoerd.
Nieuws
Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint
zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...
Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij
zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...





