Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Sfearfolle 5de Jonge Hab Partij

zondag 6 juli 2025
Marije.jpg
Lotting.jpg

Goaiïngea. It wie wer in bjusterbaarlike dei, mei moai keatsen, spannend keatsen. De measten stienen nei twa omlopen oan ‘e kant en dan hast noch in moaie lange dei foar dy. It oantal partoeren wie wat minder as yn 2024, wêr’t dat oan lei? Oan de driigjende foarsizzings fan de waarminsken? En dat waar foel 100 parten ta. Yn de heale finales fan de B-klas hat it even fiks reind en dêrnei dripte it noch flink nei, mar fierder wie der neat te kleien!

De daling fan it tal partoeren fan 47 nei 38 partoeren falt ek noch wol ta (yn 2023 noch 61!) . 

Mar goed, it giet noch altyd om wa’t der wól binne! En it wie foar de organisaasje ek wat makliker te behabben! Der is neat mis mei in partoer as 40. Dat lit my tinke oan de federaasjepartijen yn de jierren 80 en 90! Mar noch wol even dit: mear as de helte bestie út eigen leden, én dy komme oeral wei! Genôch oer de statistiken.


En der wie fansels wer in ferlotting

Want nêst wat de massa oan sponspors, út de streek en fier dêrbûten, binnen brocht oan jild, wie dizze ynstruier ek needsaaklik om de kosten te drukken. De haadpriis, griene DLG-scooter bleau yn ‘e griene famylje: Marije Jonker wie de gelokkige! Net sa gelokkich wie de earste proefrit. Sy gie op it glêde fjild ûnderút, lykwols sûnder lichaamlike krupsjes! It wie wol opfallend dat by de organisaasje in protte prizen foelen. Wy tinke net oan fraude, mar mear oan dat sy gewoan sels massa's lotten kocht hawwe! Oan ‘e ein fan de dei brocht sjonger Sipke de Boer de sfear der flink yn. En de hiele dei binne wer foto’s makke troch Lieuwe Bosch út Tsjom (t.z.t. te sjen).


A-klas mei sterke winners: partoer Johan Cnossen

Yn dizze klasse in lytse list fan 8 partoeren, dy’t flot ôfwurke wurde koe. Dizze mannen (en ien frou: Andrea Kroes) wienen rom foar de B-klas út. Sybren Poelsma, Johan Cnossen en Tjeerd Weersma kamen de earste omloop mar krekt troch tsjin Bote Jellema, Arjen Visser en Hindrik Sytema, 5-5 6-2. Der waard oer it algemien aardich dreech keatst: in protte partijen mei 5-5 en 5-4. De grins tusken winners- en ferliezersrûnte wie flintertin. En sa kaam it dat de beide partoeren dy’t yn de earste omloop op 5-5 ferlern hienen foar elkoar oer stienen yn de finale fan de ferliezersrûnte.   

Evert Sijbesma, Menno Sweering en André de Jager ferlearen nei winst op 5-5 6-6 yn de earste omloop mar krekt fan Poelsma, Cnossen en Weersma, 5-4 6-6. Finale dus foar Poelsma c.s. De oare finalisten, Ramon Raap, Arjen van der Zee en Bert Veltman, hienen yn de twadde omloop wûn fan Egbert Heins, Wybren Jorritsma en Jacob Pier Breeuwsma, 5-4 6-2.

En Sybren Poelsma, Johan Cnossen en Tjeerd Weersma wûnen op 5-4 6-4 Ramon Raap, Arjen van der Zee en Bert Veltman. De ferliezersfinale waard fertsjinne wûn troch Timen van Gelderen, Sytze Jan de Vries en Andrea Kroes, it iennichste DLG-partoer, fan Bote Jellema, Arjen Visser en Hindrik Sytema, 5-2 6-2.


B-klas: Folkert Wierda, Thomas Dijkstra en Rianna Fopma winne!

Fiif omlopen wienen te gean yn de B-klas. Yn it begjin wienen alle fjilden fol, in prachtich gesicht. Nei de earste skifting – winners- of ferliezersrûnte – wie der noch in wei te gean nei de finales. Soer wie it foar Jacob Dotinga (in bytsje âlde hab), Jorrit de Jong en Nynke Zijlstra: de earste omloop winne op 5-5 6-6 en de twadde omloop ferlieze op 5-5 6-6.

Mar lit ús de priiswinners mar wat folgje. Nûmer 1 op ‘e list, Folkert Wierda, Thomas Dijkstra en Rianna Fopma gienen yn ‘e tredde omloop troch it each fan de nuddel. It gie om in plak yn de heale finale tsjin Ruurd Jan Leenstra, Klaas Fokke Plantinga en Riemy Reitsma. Alles oan ‘e hang! Dêr tsjinoer stie in maklike heale finale tsjin Corné Langeberg, Peter Bootsma en Folkert Boschma, dy’t totaal net mear yn de partij sieten, 5-1 6-2. Nûmer 26 op ‘e list, Jan de Groot (ek in bytsje âlde hab), Jelmer Molenaar en Anna Marit Twijnstra, wie in moai slutend partoer. Se moasten yn de tredde omloop noch aardich oan ‘e bak tsjin Marrit Oosterbaan, Redmer van Netten en Wytske Boschma (5-4 6-4), mar doe lei de wei nei de finale iepen. En de finale wie berikt nei de swiere winst yn ‘e heale finale tsjin Gerben Wierda, Sjoerdtje Postma en Dante Jorna, 5-5 6-0. De finale tusken de twa broers Gerben en Folkert siet der dus net mear yn.

It waard in bysûndere finale, mei hjir en dêr wat dramatyk. Jan, Jelmer en Anna Marit setten sterk út ein. Op 2-2 6-6 pleatste Jan de Groot in prachtige boppeslach nei 3-2. Mar dat wie ek it lêste earst dat se pakten. Folkert, de grutte man yn it partoer, luts it spul nei him ta se pakten earst nei earst. Lang like it derop dat Jan en syn maten noch wat tsjingas jaan koenen, mar nee, op 5-3 6-4 wie de winst foar Folkert, Thomas en Rianna.


 De útslaggen

A-klas (8 partoeren)

1.  Sybren Poelsma, Johan Cnossen en Tjeerd Weersma

2.  Ramon Raap, Arjen van der Zee en Bert Veltman

Ferliezersrûnte

1.  Timen van Gelderen, Sytze Jan de Vries en Andrea Kroes

2.  Bote Jellema, Arjen Visser en Hindrik Sytema


1 A 1.jpg
2 A 2.jpg
3 A ferl. 1.jpg
 
4 A ferl. 2.jpg
 B-klas (30 partoeren)

1.  Folkert Wierda, Thomas Dijkstra en Rianna Fopma

2.  Jan de Groot, Jelmer Molenaar en Anna Marit Twijnstra

3.  Corné Langeberg, Peter Bootsma en Folkert Boschma

4.  Gerben Wierda, Sjoerdtje Postma en Dante Jorna

Ferliezersrûnte

1.  Sjoerd Dijkstra, Esmee Suierveld en Lize Wouda

2.  Joop Hoekstra, Jochem Lootsma en Akkelys Hiemstra

3.  Tessa Booms, Jildou Twijnstra en Anne Sjoukje Leenstra

4.  Folkert Wesselius, Siebrigje Nynke Boschma en Ilsa Atsma

5 B 1.jpg
6 B 2.jpg
7 B 3.jpg
 Ferliezersrûnte

1.  Sjoerd Dijkstra, Esmee Suierveld en Lize Wouda

2.  Joop Hoekstra, Jochem Lootsma en Akkelys Hiemstra

3.  Tessa Booms, Jildou Twijnstra en Anne Sjoukje Leenstra

4.  Folkert Wesselius, Siebrigje Nynke Boschma en Ilsa Atsma

8 B ferl. 1.jpg
9 B ferl. 2.jpg
10 B ferl. 3.jpg
 
Nieuws

Sfearfolle 5de Jonge Hab Partij

zondag 6 juli 2025
...
Lees meer...

Lytse Hab Partij - foarboade fan de Grutte Hab

vrijdag 4 juli 2025
...
Lees meer...

38 bern romje de prizen op en dan .... kampeare!

vrijdag 20 juni 2025
...
Lees meer...