Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Prachtige 5de Jonge Hab Partij pleage troch reinwetter mar supergoed slagge!
Ja, it reinwetter - gelokkich wienen it buien, hoe dik ek - soarge derfoar dat de lêste bal oardeloere letter slein waard. Doe waard mei gong de ferlotting der trochhinne jage en dêrnei krigen de minsken harren priis. De 5de Jonge Hab Partij, begongen yn it koroanjier 2020 - jo moatte wat en wolle wat - en no útgroeid ta in fenomeen. De earste twa jier wie it in feredele ledepartij mei wat útnûge spilers fan bûten, mar fanôf 2022 is it in iepen partij. De keatsers en keatsters komme oeral wei en se komme graach.
De kommisje, besteande út Aaltsje Kroes, Albertsym Fekken, Petra Fekken, Jouke Dotinga en Marcel Brakels hie it wer prima foar elkoar. It iten en drinken, de muzyk, de tinte. En dan is allinnich it waar dat je pleagje, of in oare kalamiteit, sa as in keatsbal tsjinne holle, mar dat ik leau 'k goed kommen. Mar wat hawwe wy in goed fjild!
En dan hast de lotting noch, in heel o heden. Fan de massa is wol dúdlik wat se binne, mar jo hawwe altyd twifelgefallen. Dan it keatsen, dat om 10:00 oere útein sette. De A's begongen in oere letter omde B's wat lucht te jaan. De A's mei 12 partoeren hoegden mar 4 omlopen te keatsen, de B's 6 omlopen.
A-KLAS
Yn de A-klas wienen in pear sterke formaasjes. Wy neame Evert Sijbesma, Jelger de Boer en Keimpe Talsma, dy't yn de earste omloop wûnen fan Jelmer Foppe Drijfhout, Matthijs Beukckens en Arjan van der Wal. Ja, en dêrnei stoomden se troch nei de finale troch twa winstpartijen mei mar twa earsten tsjin. Dêr wachten op harren - se hienen in steand nûmer op 'e trije - Durk Bootsma, Timen van Gelderen en Christian Drayer. De lêsten hienen yn de twadde partij in 5-0 achterstân fuortwurke tsjin Egbert Heins, Aizo Veltman en Auke Geert Ybema. Earst nei earst krûpten se tichterby. Bootsma c.s. begongen better te keatsen, sawol op as út, en
Heins c.s. koenen it tij net mear keare. Op 5-5 6-2 wie it dien. Dan de finale, en ja, einliks wienen Sijbesma c.s wol wat favoryt, mei in sterk perk en in âlde foks (dat mei sein wurde, want hy wie fierwei de âldste yn dit A-fermidden), Keimpe Talsma, dy't mei goed pleatste ballen mannich punt pakt hie. Oant 3-3 gie it lykop, mar doe pakten Bootsma c.s. it 4de buordsje en ek it 5de troch sterk keatsen. Op 5-3 6-4 wie de winst foar Durk, Timen en Christian.
De ferliezersfinale wie in prachtpartij tusken Arjen Radix, Cees Dedmer Kramer en Jeen Brinksma en trio Albert Feenstra, Ate Schaap en Nolke Bergstra. Hast alles kaam oan 'e hang, 5-5 6-4. Doe wie de winst foar Feenstra c.s.
A-klas (12 partoeren)
1. Durk Bootsma – Timen van Gelderen - Christian Drayer
2. Evert Sijbesma – Jelger de Boer – Keimpe Talsma
Ferliezersrûnte
1. Albert Feenstra – Ate Schaap – Nolke Bergstra
2. Arjen Radix – Cees Dedmer Kramer – Jeen Brinksma
B-KLAS
Jonge Hab-keatser fanôf it begjin Joop Hoekstra hie in moai partoer emi Esmee Suierveld en Brecht Tamminga. Yn de earste omloop gienen se hast it skip yn tsjin Michel Dolle, Femke Veenstra (Snits) en Jos van Schepen, 5-5 6-6. De twadde omloop wie ek al pittich, 5-4 6-0. Op 'e fjirde list moasten se, om de preemje of neat, noch flink oan 'e bak tsjin de sterke Johannes de Jager, Anne Jelle Hoekstra en Arjen van der Ploeg, 5-4 6-0. De finale wie berikt. De oare finalisten Bart van Kalsbeek, Laura Dozeman en Yvonne Sieperda keatsten sterk de hiele dei en hienen yn de twadde omloop harren grutste tsjinstân, tsjin Marije Jonker, Mark Haarsma en Anna Marit Twijnstra, 5-5 6-4. Dêrnei lei, achternei besjoen, de wei nei de finale iepen. Dêr troffen se Hoekstra c.s.. Van Kalsbeek c.s. pakten in 3-1 foarsprong. Hoekstra c.s. herstelden en rûnen út 5-3 foar. Van Kalsbeek c.s. hienen dêr gjin antwurd mear op, 5-3 6-6.
De ferliezersfinale wie in prachtpartij tusken Bert Veltman, Soerdtje Postma en Martzen Gerbrandy en it trio Rijkel Dotinga, Ruurd Jan Leenstra en Rixt Oosterhaven. Lang wie ûndúdlik wa't winne soenen, it koe alle kanten út. It perk Dotinga-Leenstra wie foar it publyk bytiden in attraksje, it wie noch krekt gjin sirkus! Mar goed, de winst wie binne op 5-4 6-2.
B-klas (35 partoeren)
1. Joop Hoekstra – Esmee Suierveld – Brecht Tamminga
2. Bart van Kalsbeek – Laura Dozeman – Yvonne Sieperda
3. Feiko Scheepvaart – Mechiel Rietveld – Femke Veenstra (Raerd)
4. Johannes de Jager – Anne Jelle Hoekstra – Arjen van der Ploeg
4. Tara van der Meulen – Abradiena de Vries – Tsjits Kramer
Ferliezersrûnte
1. Rijkel Dotinga – Ruurd Jan Leenstra – Rixt Oosterhaven
2. Bert Veltman – Sjoerdtje Postma – Martzen Gerbrandy
3. Johan Delfsma – Jorrit de Jong – Norah ten Brink