Prachtich reuny-keatsen fan de froulju 45+: en grif net foar it lêst!

De organisaasjekommisje mei Antsje Kievit en Aaltsje Wesselius fertsjinnet alle lof. De beide froulju hienen deroer neitocht: wat moai soe it wêze om as jongere-âldere froulju en noch wat echt-âldere froulju wer in kear mei elkoar te keatsen, leden en âld-leden. Ja, hiel moai fansels. De wedstriid stiet it hiele jier al op ‘e list. Tagelyk mei de Foute Johannes de Jagerpartij hienen dizze froulju dus harren eigen feestje!
En It koe trochgean
Alle prikken hawwe se yn it wurk steld om genôch froulju by elkoar te krijen. Op papier wienen der in hiele protte, mar net elk doarde it mear oan. Sadwaande bleau it dit kear by 12 keatsters en dêrmei koe it dus trochgean! Der waard spile mei de grutte bal. En der wienen ek noch taskôgers kommen: Froukje Wijnia kaam it fierst wei om te sjen.
Spesjale prizen
Yn elke omloop wienen der pryskes te fertsjinjen foar in sitbal, in boppebal of kweabal, ensafh. Dat dogge jo net mei sin, want it giet wol gewoan om te keatsen! Dochs wienen de winners oan ‘e ein fan ‘e middei fansels bliid mei it pryske en de oandacht.
Anke Sieperda en Rita van der Meer grutte winners
Trije listen wienen makke, A’s en B’s troch elkoar. En it waard in moaie keatserij mei hilaryske taferielen en frjemde kaprioalen. Ja, en úteinlik hie fan de A-froulu ien de folle 21 punten en dus de krâns: Anke Sieperda
Fan de froulju B kamen Rita van der Meer en Klaske Tamminga beide op 21 punten út , mar Klaske hie 2 tsjinearsten mear as Rita (9 om 7). Ja, wêr giet it om.
De twadde priis by de A’s wie foar Hendrika van der Heide mei 18 punten. En Petra Lootsma pakte by de B’s de 3de priis mei 18 punten.
Der sille in dei letter grif in protte seare spieren west hawwe!
De útslaggen
A-froulju
1. Anke Sieperda 2. Hendrika van der Heide
B-froulju
Rita van der Meer 2. Klaske Tamminga 3. Petra Lootsma

Ek in moaie ferklaaierij fan bern en kommisje bern op Foute Johannes de Jagerpartij
Prachtich reuny-keatsen fan de froulju 45+: en grif net foar it lêst!



