Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Freed 19 juny Ferklaaipartij leden jeugd
Op 19 juni 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea
Snein 21 juny EDB Bouwpartij leden senioaren
Op 21 juni 2026 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea
Freed 3 july Oranjefeestpartij Gau
Op 3 juli 2026 om 09:00 uur
locatie: Gau
Prachtich moaie pearkekeatserij op Pinkstersneon
vrijdag 22 mei 2026

Se troffen it, de 25 spantsjes dy't meidienen yn Goaiïngea. It waar wie as spek en de sfear wie ek poerbêst. Sa as altyd wienen der gjin wanklanken te hearren.

Minpuntsje wie dat de kfDLG-flage op 'e kop hong, posityf wie dat de Fryske flage wol goed hong. Oarsom hie slimmer west.
Yn de AB-klas dienen 17 partoeren mei, dus dat wienen 5 omlopen. De BC-klas bestie út 8 partoeren en dy wie dus folle earder út. Nei in lange dei koenen de prizen útrikt wurde.
BC-klas - moaie winst foar Folkert Yde Kievit en freondinne Esther
Dizze twa moasten yn de finale tsjin in oar stel, Anna Batteram en Wytse Symen Boschma. Mar dêrfoar hienen Folkert Yde en Esther in KLAPPER tsjin it gelegenheidsduo Jochem Lootsma en Afke Ligthart. Alles kaam oan 'e hang. Folkert Yde en Esther wûnen de finale op 5-3 6-2. Yn de ferliezersrûnte wie de 1ste priis foar Bertus Dotinga en Rixt Velstra. Mei dúdlike sifers - 5-2 6-4 - waard it âldere pearke Jelle Kievit en Renske Dotinga oan 'e kant setten. It oare âldere pear, Jacob Dotinga en Antsje Kievit - al jierren in keatsstel - siet yn de AB-klas.
AB-klas - winst foar Sytze Jan de Vries en Norah ten Brink
Sytze Jan en Norah moasten daliks oan 'e bak tsjin de sweagers Jelmer de Jong en Hylke Faber. Twa sokke mannen, ja dat is altyd sterk. Dochs ferlearen sy op 5-3 6-2. En yn de tredde omloop moasten se wér tsjin twa mannen: Jorrit de Jong en Arjen van der Ploeg, pittige partij, dy't se krekt wûnen op 5-5 6-2. De finale wie berikt, want dêrnei folge in steand nûmer.
De oare finalisten wienen Gabe fan Deinum en Femke Lize Veenstra. Ja, in sterk koppel. De tredde partij wie swier, se wûnen krekt fan heit en dochter Gauke en Jetske Zijlstra, 5-5 6-2. Ja, dizze twa moasten úteinlik fiif kear keatse en miskien wie dat krekt even te folle. Yn in thriller fan in finale ferlearen se krekt fan Sytze Jan en Norah, 5-5 6-4.
Dan moatte wy de 3de priiswinners noch neame: Jacob Dotinga en Antsje Kievit. Se hienen it pechnûmer 13, mar se dienen it prima. Yn de heale finale wienen Gabe fan Deinum en Femke Lize Veenstra it sterk. Wat kin it skele, de 3de priis wie yn 'e knip.
Lang om let waarden de prizen útrikt. Dit binne de útslaggen:
AB-klas (17 partoeren)
1. Sytze Jan de Vries en Norah ten Brink
2. Gabe fan Deinum en Femke Lize Veenstra
3. Jacob Dotinga en Antsje Kievit
2. Gabe fan Deinum en Femke Lize Veenstra
3. Jacob Dotinga en Antsje Kievit



Ferliezersrûnte
1. Marije Jonker en Jarno Stok
2. Riemy Reitsma en Marcel de Groot
2. Riemy Reitsma en Marcel de Groot


BC-klas (8 partoeren)
1. Folkert Yde Kievit en Esther
2. Anna Batteram en Wytse Symen Boschma
1. Folkert Yde Kievit en Esther
2. Anna Batteram en Wytse Symen Boschma


Ferliezersrûnte
1. Bertus Dotinga en Rixt Velstra
2. Jelle Kievit en Renske Dotinga
1. Bertus Dotinga en Rixt Velstra
2. Jelle Kievit en Renske Dotinga


Nieuws
Folsgeare, Skearnegoutum, Easterein en Wytmarsum federaasjekampioenen 2026
vrijdag 5 juni 2026
Dit...
Lees meer...
Âlde Hap Partij brocht brodzich waar en swier keatsen: Frjentsjer wint
zondag 31 mei 2026
...
Lees meer...
Wat in prizen op de Oprommerspartij! - se komme miskien wol noait op
woensdag 27 mei 2026
...
Lees meer...





