Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Prachtich begjin mei Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij

zaterdag 27 april 2024
Ofskied Marten en Catrinus, ôfskied en wolkom foar Aaltsje 
IMG_20240427_193233 - kopie.jpg
Neidat de jongerein útkeatst wie waarden neffens tradysje earst de ôfskiednimmende kommisjeleden yn 't sintsje setten troch foarsitter Jouke Dotinga. Marten Molenmaker stoppe nei safolle jierren mei de Sponsorkommisje. Letter op 'e dei - nei it keatsen - wie Catrinus Kooistra oanwêzich en waard him ek hulde brocht foar syn jierrenlang krewearjen foar de Sponsorkommisje. Foar dizze mannen wie net in lintsje, mar wol in grut pakket mei lekker itensguod. Aaltsje Kroes hat nei 7 jier de Frouljuskommisje ferlitten en is promovearre nei de Jeugdkommisje. Hja bliuwt dus yn byld.

Dan no de wedstriden. 
Twa klassen: in AB-klasse mei 6 partoeren en in BC-klasse mei 11 partoeren. It waar wie goed, better as it west hat de wiken dêrfoar, mar genôch oer it waar.

AB-klas

Yn dizze klasse wienen twa pûls mei trije partoeren. En der waard striid levere mei moaie partijen foar it neutrale én it partijdige publyk. Nei twa partijen hienen Jouke Dotinga, Moniek Lootsma en Jan Feenstra de folle bút binnen. Se mochten dus yn ‘e finale oantrêde tsjin Jelmer Drijfhout, Wybren Jorritsma en Martsen van der Goot. Martsen mocht as jonkie dus mei de ‘kanonnen’ spylje en die dat treflik. Al hienen Drijfhout de earste partij yn de pûl ferlern fan Jelmer de Jong, Johan Cnossen en Feiko Scheepvaart (hy wie der wer nei in jier fan blessuereleed), yn de finale lutsen se oan it langste ein: 5-3 6-2, en dat wie fertsjinne.

 

BC-klas

De 11 partoeren  lieten ek in moaie striid sjen. Yn de earste omloop waard útmakke wa’t nei de linker en wa’t nei de rjochterkant fan de list gean soe. Oer it algemien wienen de partijen yn de earste omloop wol wat iensidich. Yn de twadde omloop waard yn de ferliezersrûnte heftich striid levere mei spannende partijen.

 

Yn de ferliezersfinale kamen tsjin elkoar út Folkert  Yde Kievit, Esmee Suierveld en Marten Molenmaker en trio Ruurd Jan Leenstra, Antsje Kievit en Anna Marit Twijnstra. Ruurd Jan en syn maten wûnen dat yn in moaie partij op 5-4 6-2.

 

Yn de echte finale moasten Kim van der Meulen, Jelmer Molenaar en Doutzen Twijnstra it opnimme tsjin Jan de Groot, dy't ek werom is fan in blessuere, Bertus Dotinga en Boukje Brouwer. Beide partoeren wienen oan elkoar weage. Wie der yn de ferliezersfinale in striid tusken mem-soan, yn dizze partij wie dat mem Boukje tsjin dochter Kim. Yn in prachtige finale, mei sterk spul oan beide kanten, wûnen Jan en syn maten op 5-4 6-2.

Yn de heale finale hienen Kim c.s. maklik wûn fan Kristia Dotinga, Femke Terpstra en Oeds Broersma, 5-1 6-0.


De totaalútslach


IMG_20240427_193132 - kopie.jpg

AB-klas (6 partoeren)

1. Jelmer Drijfhout, Wybren Jorritsma en Martsen van der Goot 

2. Jouke Dotinga, Moniek Lootsma en Jan Feenstra


A1.jpg
A2.jpg
 

BC-klas (11 partoeren)

1. Jan de Groot, Bertus Dotinga en Boukje Brouwer

2. Kim van der Meulen, Jelmer Molenaar en Doutzen Twijnstra

3. Kristia Dotinga, Femke Terpstra en Oeds Broersma


B1.jpg
B2.jpg

B3.jpg

Ferliezersrûnte

1. Ruurd Jan Leenstra, Antsje Kievit en Anna Marit Twijnstra

2. Folkert Yde Kievit, Esmee Suierveld en Marten Molenmaker


B4.jpg

B5.jpg

Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...