Muurkaatsen op vrijdag 45+
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Oprommerspartij: hast alle bern dienen mei en Suze Bokma wûn har earste krâns!
En sa is de Oprommerspartij 2024 wer foarby. Wat in opkomst, hast alle bern dienen mei. Ja, wat wolst ek. do krijst ommers altyd in beker, hoe fet is dat! Foaral foar de jongste bern is dit in gouden formule. Der wienen ek noch al wat debutanten by!
By de kabouters B wienen 11 bern
De wat mear erfaren keatsers pakten hjir de heechtste prizen en dus (?) de grutste bekers. Sy meie earst in beker kieze. Mar guon sykje krekt in apart eksimplaar út. It houten kollektersitem fan de romrofte Van Schepenpartij bleau lykwols lizzen. En der wie ek in hiele moaie antiken medalje fan de keatsclub fan Kimswert, it plak dêr’t Grutte Pier hiel lang lyn in baltsje slein hat. Mar dat is net hielendal wis.
Jelke Holtrop gie mei de krâns nei hûs ta, mar Tessa Wiersma joech goed partij yn de finale! In moaie 3de priis wie foar de earstejiers Fardau Abma. En der wienen ferrassings yn dit ien-tsjin-ien-spultsje. Yn ‘e ferliezersfinale wûn Janna Abma de earste priis. Liset Teernstra, dit jier ek foar it earst pakte in moaie 2de priis!
Dit binne de útslaggen fan de Kabouters B (11 bern):
1. Jelke Holtrop 2. Tessa Wiersma 3. Fardau Abma 4.
Nyncke Winia en Fenna Mud
Ferliezersrûnte
1. Janna Abma 2. Liset Teernstra 3 Herre Winia 4. Wytse Broekhuis, Femme Jongsma en Ninthe Nauta
Foto ûnder: Jelke - Tessa - Fardau
Dit binne de útslaggen fan de Kabouters A (4 partoeren):
1. Feija Bakker en Suze Bokma 2. Jildert Bakker en Amerins Kiestra 3. Age Bakker en Digna van Dijken 4. Jesse van der Zwan en Baukje Huitema
Foto ûnder: de nrs 1 en 2
Moaie striid by de Welpen
Hjir wurdt altyd al wat mear echt keatst. De seis partoeren waarden trije kear lotte, se mochten dus allegearre trije potten spylje. Wiebe Huitema en Bert Kalma sprongen der yn dizze klasse fier út: se wûnen alle trije potten dik! Twa kear winst wie der foar Eelco Kiestra en Femke Abma en foar Roel Hofman en Wout de Groot.
Dit binne de útslaggen fan de Welpen (6 partoeren)
1. Wiebe Huitema en Bert Kalma 2. Eelco Kiestra en Femke Abma 3 Roel Hofman en Wout de Groot 4. Dycke Bokma en Berber Stiensma 5. Thymen Krikke en Jurre Bruinsma 6. Minke Nijland en Micha Helfrich
Foto ûnder: de nrs 1 en 2
Foto boppe: alle welpen
En dan noch de pupillen, de âldste groep
Fiif twatallen en ja, dat is altyd wat in ferfelend oantal. Jo litte elkenien twa kear keatse, mar dat duorret dan in omloop langer. Hjir wie it aparte gefal dan nei twa partijen Tieme Holtrop en Ravi de Vries beide kearen wûn hie en dat hie fierder net ien presteard. Jitse Bakker en Hester Kiestra pakten krekt genôch punten om op it twadde plak te kommen: de finale dus tsjin Tieme en Ravi. Mar de beide partoeren hienen elkoar yn de earste omloop al troffen en dus hienen Tieme en Ravi al fan Jitse en Hester wûn dy hienen der hielendal gjin ferlet fan om noch in kear tsjin Jitse en Hester, mei it risiko om dit kear te ferliezen. Mar it moast. No, de partij waard frijwol in kopy fan de eardere partij. Tieme en Ravi dienen har sportive plicht en wûnen wér mei 5-4.
De striid om de 3de priis waard wûn troch Esther Lootsma en Marrit Dotinga (sy keatst dit jier foar it earst en docht dat treflik!). It waard in spannend gefjocht tsjin Femke van der Zwan en Anna-Lynn Koldijk, in taai duo, dat krekt (5-5) wûn waard troch Esther en Marrit.
Dit binne de útslaggen fan de Pupillen (5 partoeren)
1. Tieme Holtrop en Ravi de Vries 2. Jitse Bakker en Hester Kiestra 3. Esther Lootsma en Marrit Dotinga 4. Femke van der Zwan en Anna-Lynn Koldijk 5. Patrick Feenstra en Mare van der Goot
Foto ûnder: de nrs 1, 2 en 3
Foto boppe: alle pupillen (behalve Patrick Feenstra)