Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 23 maart 2025 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)
vrijdag 25 oktober 2024
Doarpshûs Ús Gebou.
Weromsjen op it ôfrûne seizoen
Sûnt in pear jier wurdt dizze gearkomste wer hâlden om werom te sjen op it simmerseizoen fan de feriening en de serieuze rânesaken te besprekken mei ús leden.
Mei in fantastyske opkomst fan 32 leden, kinne wy weromsjen op in slagge jûn.
Werbeneaming Marije en Maaike
Dit jier waard de/it ALF brûkt foar de werbeneaming fan Marije Jonker en Maaike Faber. Yn in fergadering fan 8 minuten (!) wienen de leden der gau út; al meie de bestjoersleden wol ris yn in oare folchoarder oan de bestjoerstafel sitten gean.
De takomst fan de feriening
Dêrneist wie yn Skrabe en Bûten teasere op de fierdere aktiviteit fan it ALF. As bestjoer wolle wy graach mei de leden yn petear oer de takomst fan de feriening. Dêrta binne wy mei help fan Jan van der Werf fia de Rabo ClubSupport in wei ynsetten om de fyzje fan ús feriening helder te krijen en dy te brûken om fierder te bouwen oan in al sa'n moaie feriening.

De fyzje fan it bestjoer is sa't folget:
“Wy binne in iepen sportive feriening wêrby't sportiviteit en ferbining foarop stiet. Wy fasilitearje it keatsen foar eltsenien dy’t mei dwaan wol en soargje mei mekoar en foar mekoar dat der keatst wurde kin. Elts is wolkom, as keatser, as frijwiliger, as publyk, as omdatst dy belutsen fielst; wy sjogge dy graach. By de feriening stiet dêrom respekt foar mekoar en foar de struktuer foarop, at wy no thús binne, by ‘t Fintsje as op fisite by oare ferienings.
"Wa’t keatst, keatst by en mei De Lege Geaen!”
De leden mochten neitinke oer de takomst
TIdens it ALF hawwe de oanwêzige leden neitocht oer de kategoryen Kultuer, Struktuer, Frijwilligers en Akkommodaasje, oan ‘e hân fan de fragen wat wolsto behâlde en wat wolle wy yn ‘e takomst nog sjen. Hjir út binne ferskate ideeën nei foarren kommen, wêrmei't wy as bestjoer fierder kenne en wy binne dan ek tige tankber foar de input fan dizze jûn. Foaral op it gebied fan akkommodaasje kinne wy noch in protte berikke mei syn allen. Wy hoopje dan ek dat wy jimme hjirby fjirder belûke kenne om ús fyzje om te setten yn de dreamen fan ‘e leden.
Wiesto der net en hast noch ideeën?
Foar eltsenien dy’t net oanwêzich wêze koe by it ALF en wol noch nije ideeën tafoegje wol, hawwe wy in google-format mei de fragen.
Dy kinne jimme anonym ynfulle, sadat wy eltsenien har/syn ynput meinimme kinne. Asto de fragen leaver (noch in kear) op papier hawwe wolst, dan kinst dat by ien fan it bestjoer oanjaan. Wy soargje datst dan in papieren ferzje krijst!

En dan dit noch......
Jan de Groot kaam even 'in het zonnetje'. Hy krige út hannen fan foarsitter Jouke Dotinga in aardichheidsje foar syn wurk mei de Aldizeraksje. Al jierren regelt hy dat en alle kearen is it wer in súkses (foto ûnder links).
En Marco van der Goot krige in sekje mei ballen oanbean út namme fan keatsskoalle Kaatsfan, omdat Kaatsfan de hiele simmer it fjild yn Goaiïngea brûkt.

En der wie in Pubkwis
En dat wie in grut súkses. Der sieten pittige fragen by, fragen út it ferline en moderne fragen, op in breed gebiet. By einbeslút gienen de ûndersteande leden mei de priis nei hûs, f.l.n.r. Jurjen Hiemstra, Marco van der Goot, Marije Jonker, Wybren Jorritsma, Rouke van der Meer en Jorrit de Jong. Winners Repkobeker
Femke Terpstra en Jan de Groot krgen op dizze jûn offisjeel de Repkobekers útrikt. Se hawwe de measte punten helle op keatspartijen foar senioaren yn Goaiïngea. Se meie in hiel jier op de skoarstienmantel stean!
Nieuws
Jelmer Drijfhout en Maureen Stok sterke winners VeegPiettoernoai
zondag 24 november 2024
...
Lees meer...