Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 12 septimber Nachtkeatsen leden senioaren

Op 12 september 2026 om 20:00 uur
locatie: Goaiïngea

Moaie Repko Sportprijzenpartij mei krânsen foar Janna, Tessa, Eelco, Imme Klaas en Elbrich - 1

vrijdag 13 juni 2025

It wie in lange mar moaie en waarme middei dy't trochsette oant djip yn 'e jûn, doe't de junioaren om goed healwei âlven de lêste bal slein hienen. De fjilden leinen fol, it paste allegearre krekt en sa kin de organisaasje weromsjen op in prachtige keatsdei.


Kabouters

Dit ploechje fan 4 partoeren eigen leden, oamfuld mei ien Skearnegoutumer, makke der in moaie striid fan. Nei twa omlopen lei alles noch iepen. Alle fjouwer formaasjes koenen noch winne. By winst yn de tredde partij soenen Janna Abma, Tessa Wiersma en Siemen Dijkstra yn 'e krâns komme, en dat dienen se tsjin Remon Wiersma en Nyncke Winia. De 2de priis gie nei Jelke Holtrop en Baukje Huitema troch winst op Herre Winia en Fenna Mud, 5-4 6-6. 


Welpen

By de welpenfamkes  pakte Layla Borkhuis in moaie 2de priis. Dy sit yn 'e knip. En Thymen Krikke wûn in moaie 1ste priis yn de ferliezersrûnte!


Pupillen

Eelco Kiestra pakte ta ferwûndering fan elkenien en it meast noch fan himsels de krâns by de pupillenjonges. It wie syn earste federaasjewedstriid en dan krijst dat! 


De útslaggen

Kabouters (4 partoeren)

1. Janna Abma (Tersoal), Tessa Wiersma (Goaiïngea) en Siemen Dijkstra (Skearnegoutum)

2. Jelke Holtrop (Tersoal) en Baukje Huitema (Gau)

IMG-20250613-WA0009.jpg

Welpenfamkes (6 partoeren)

1. Femke Visser (Turns) en Iris van Elven (Skearnegoutum)

2. Anna de Jong (Lytsewierrum) en Layla Borkhuis (Goaiïngea)

Welpenfamkes alles.jpg

Welpenjonges (10 partoeren)

1. Fender Flisijn (Wommels) en Rindert Anema (Balk)

2. Sven Sijbesma (Easterein en Niels Dijkstra (Skearnegoutum)

3. Redmar de Boer (Wommels) en Jimte Grondsma (De Hommerts)

Ferliezersrûnte

1. Hylke Jansen (Boazum) en Thymen Krikke (Poppenwier)

2. Thys Strikwerda (Itens) en Christiaan van der Burg (Nijlân)

 

Welpenjonges alles.jpg

Pupillenfamkes (8 partoeren)

1. Emma van Amersfoort (Ysbrechtum) en Iris Bosgra (Easterein)

2. Marin Grondsma (De Hommerts) en Marije Wiersma (Nijlân)

Ferliezersrûnte

1. Lisa ten Brink (Skearnegotum) en Wietske Poelsma (Reahûs)

 

Pupillenfamkes alles.jpg

Pupillenjonges (7 partoeren)

1. Jelke Sijbesma (Easterein) en Eelco Kiestra (Tersoal)

2. Redmar Politiek (Wommels) en Mees Kalt (Makkum)

Ferliezersrûnte

1. Jort Kronemeijer (Itens) en Niek Boonstra (Nijlân)
Pupillenjonges alles.jpg
 
Nieuws

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...

Twadde kear De Golden Oldies fan it Fjild

zaterdag 22 augustus 2026
...
Lees meer...

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...