Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Freed 19 juny Ferklaaipartij leden jeugd

Op 19 juni 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 21 juny EDB Bouwpartij leden senioaren

Op 21 juni 2026 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 3 july Oranjefeestpartij Gau 

Op 3 juli 2026 om 09:00 uur
locatie: Gau

Moaie Âlder-bernkeatserij op Himelfeartsdei 

donderdag 14 mei 2026
Alle priiswinners 1.jpg
Nei it keatsen op Keningsdei komt de Âlder-bernkeatserij op Himelfeartsdei op it 2de as KLASSIKER fan Keatsferiening De Lege Geaen. Waarvan akte!
De jierren dat it hiele fjild fol wie mei keatsende bern mei âlders en oare famylje is foarby. De âldste jeugdklasse is der net mear, dy giet al frij flot nei de senioaren. Mar de wille wie der net minder om foar de bern dy't har ôfrûne tongersdei opjûn hienen mei heit, mem, omke, neef of nicht, of sels net-famylje. It kin allegearre hjoed-de-dei. En dat is oan de ien kant wol wat spitich. Mar goed....

KABOUTERS - Doutzen Mud wint mei omke Sjoerd!
'Mar' 3 partoeren, mar it wie wol hiel moai dat der keatst wurde koe yn dizze klasse. Doutzen Mud hie sterke omke Sjoerd Boonstra útsocht (wy kinne him noch út syn jongere jierren as in sterke keatser!) en dat wie in prima aksje fan har. Yn de beslissende partij tsjin soan en heit Jesper en Jimte Abma moast der alles oan dien wurde. Op 5-5 6-4 koenen Doutzen en Sjoerd de priis binnenhelje! Yn dit 'geweld' bleaunen dochter en heit Doet en Jelmer Abma mei 2 punten yn de achterhoede. 

WELPEN - Amerins en heit Douwe winne alles!
Hjir wie in moaie list fan 10 partoeren. Yn de earste omloop waard bepaald: geane wy noch foar de krâns of moatte wy 'poedelje'. Krekt ferlieze docht dan wat sear. 
Amerins Kiestra hie in switsch makke en wie fan mem Gerry op heit Douwe oerstapt. It is fansels net 100% wis hoe't it oars kommen wie, mar Amerins en Douwe dienen it knap. Winst yn de earste omloop op Nyncke en Pieter Winia (5-3 6-4), doe in steand nûmer en doe in knappe winst op Baukje en Halbe Huitema (5-3 6-2). Finale!
Tsjinstanners wienen Herre Winia dy't juf Aaltsje Kroes oan 'e heak slein hie. Dat wie in goede fangst, want nei in pittige partij tsjin Ella en (broer) Jelmer Bijma (5-4 6-0) wûnen se fan de Poppenwiersters, Fenna Abma en mem Ietsje (5-3 6-2). En doe folge in steand nûmer en koenen se yn de finale oantrede tsjin Amerins en heit Douwe Kiestra fan de Grutte Wierren, achter Tersoal. Ja, en dat waard in partij mei in grut ferskil. Amerins en heit Douwe pakten alle earsten achter elkoar: 5-0 6-2. Dus dat wie dúdlik fertsjinne!  
Yn de ferliezersrûnte wûnen it Tersoalster duo Janna Abma en doarpsgenoat Johan de Vries (him kenne wy ek fan syn jonge jierren doe't hy knap keatse koe) op 5-3 6-4 fan de Poppenwiersters Fardau Abma en mem Eke Blaauw. 

PUPILLEN/SKOALJEUGD - winners sûnder echte finale
Hjir wienen 6 moaie partoeren, dy't ien pûl foarmen. Keatst waard der neffens it KNKB-skema. Ja, en dan kin it barre dat twa partoeren 3 partijen winne, want se komme elkoar yn it skema net tsjin. Dat barde mei Eelco Kiestra en Marcel de Groot, dy't twa kear op 5-4 wûnen en ien kear op 5-2, 10 earsten tsjin. It oare partoer, mei Esther Lootsma en omke Timen van Gelderen, krige mar 3 earsten tsjin. Dus dat wie dúdlik. Mar ek wer net, want wy sille it no noait echt witte......
De oanmoedigingspriis - as dy der west hie - wie yn myn eagen foar it iennichste heit-soanpartoer yn dizze klasse, Jitse en Jasper Bakker. Nei twa kear dik ferlern te hawwen wûnen de dochs noch in partij. De Sibrandabuorsters  fersloegen knap Thymen Krikke en syn (hast) buorman Sytze Jan de Vries út Poppenwier.

De útslaggen

Kabouters (3 partoeren)
1. Doutzen Mud en omke Sjoerd Boonstra
Kabouters 1.jpg
 
Welpen (10 partoeren)
1. Amerins en heit Douwe Kiestra
2. Herre Winia en juf Aaltsje Kroes
Ferliezersrûnte
1. Janna Abma en doarpsgenoat Johan de Vries
2. Fardau Abma en mem Eke Blaauw
Welpen 1 ste priis.jpg
 
Welpen 2 2de priis.jpg
 
Welpen 3 1ste ferl..jpg
Welpen 4 2de ferl..jpg
 Pupillen/skoaljeugd (6 partoeren)
1. Esther Lootsma en omke Timen van Gelderen
2. Eelco Kiestra en clubgenoat Marcel de Groot
Skoaljeugd 1.jpg
Skoaljeugd 2.jpg
 
Nieuws

Folsgeare, Skearnegoutum, Easterein en Wytmarsum federaasjekampioenen 2026

vrijdag 5 juni 2026
Dit...
Lees meer...

Âlde Hap Partij brocht brodzich waar en swier keatsen: Frjentsjer wint

zondag 31 mei 2026
...
Lees meer...

Wat in prizen op de Oprommerspartij! - se komme miskien wol noait op

woensdag 27 mei 2026
...
Lees meer...