Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Ek in moaie ferklaaierij fan bern en kommisje bern op Foute Johannes de Jagerpartij 

zaterdag 23 augustus 2025
Alle bern en jeugdkommisje.jpg
Doutzen Mud moaist ferklaaid.jpg

Doutzen Mud wie it moaist ferklaaid

Doutzen hie dan wol net in echte keatspriis, mar dit wie moai meinommen! Sommige jongelju hienen pakken oan dy’t soms yn ’t paad sieten en se miskien wol in pryske koste hat, mar ja, dat is it risiko fan it fak. It wie de lêste ledepartij yn de skoallefakânsje. Twa dagen letter soenen de skoalledoarren wer iepengean. In moai ploechje bern, ferdield oer trije klassen, kaam yn aksje om in oere as tsien.


Kabouters mei fertsjinne winners

Hjir wienen fjouwer partoeren en dy koenen dus moai pûlkeatsen mei de Snitser telling (elk earst is in punt, mar as winst krijst in punt ekstra).

Ien partoer sprong derút: Baukje Huitema en Fardau Abma. Sy krigen oer trije partijen mar fjouwer (!) earsten tsjin. De twadde priis Janna Abma en Ella Bijma. Sy wûnen de earste partij op 5-5 6-6 fan Jesper Abma en Fenna Mud en ferlearen dêrnei op 5-5 6-4 fan Tessa Wiersma en Doutzen Mud. Dêrnei ferlearen Janna en Ella op 5-3 6-0 fan Baukje en Fardau. It kaam derop del dat se krekt even wat mear earsten tsjin hienen as foar (17 tsjin 15).


Welpen: it gie hjir om de tsjinearsten

Trije kear waarden de 7 bern troch elkoar lotte, hieltiten mei twa twallen en ien trijetal. En ja, dan is it mar krekt hoe’t it alle kearen wer rint. Mar it is wol saak om te winnen fansels. By einbeslút gie Thymen Krikke mei de folle winst oan ‘e haal, krekt as Age Bakker. Se hawwe net tsjin elkoar spile. Mar…. Thymen hie ien (1) earst minder tsjin as Age, tsja..

In moai dield 3de plak wie foar Digna van Dijken en Remon Wiersma. Mar ja, dar kin ek net oars ast alle kearen by elkoar lotte bist.

 

By de pupillen siet it fenyn yn 'e sturt

De kommisje hie fan de seis jongelju earst trije twatallen en dat foar trije omlopen. Yn har wiisheid hie de kommisje dat ad hoc feroare yn twa trijetallen en dat ek trije fariaasjes. Nei twa partijen hienen Esther Lootsma en Jitse Bakker al 14 punten. Yn de beslissende partij hie Esther Femke van der Zwan en Anna-Lynn Koldijk by har en Jitse Wiebe Huitema en Eelco Kiestra, de wyfkes tsjin de mantsjes dus. No soe de bûter jild jilde! En wat barde? De famkes rûnen finaal oer de jonges hinne! It waard 5-1 6-4. En sa pakte Femke van der Zwan ek noch moai de 2de priis mei en Anna-Lyn Koldijk noch moai de 3de priis. 

 

De útslaggen 

Kabouters (4 partoeren)

 1. Baukje Huitema en Fardau Abma

 2. Janna Abma en Ella Bijma

 

Kabouters 1ste en 2de priis.jpg
 Welpen (7 bern)

 1. Thymen Krikke  2. Age Bakker  3. Digna van Dijken en Remon Wiersma

Welpen 1ste 2de 3de priis.jpg

 

 Pupillen (6 jongelju)

 1. Esther Lootsma  2. Femke van der Zwan  3. Anna-Lynn Koldijk


Pupillen 1ste 2de 3de priis.jpg


Nieuws

Ek in moaie ferklaaierij fan bern en kommisje bern op Foute Johannes de Jagerpartij 

zaterdag 23 augustus 2025
...
Lees meer...

Prachtich reuny-keatsen fan de froulju 45+: en grif net foar it lêst!

zaterdag 23 augustus 2025
...
Lees meer...

Foute Johannes de Jagerpartij - wer in grut súkses

zaterdag 23 augustus 2025
...
Lees meer...