Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Snein 6 july Jonge Hab Partij
Op 6 juli 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea
Moaie EDB Bouwpartij mei winst foar de partoeren Kroes en Cnossen
zondag 15 juni 2025
Goaiïngea. Mei ien partoer mear as yn 2024 - dit kear sûnder sponsor Egbert de Bruin - waard it wer in moaie keatserij. Krekt as yn 2024 wienen wer de KNKB froulju 1ste klas yn Goaiïngea te gast. Dat jout fan beide kanten reuring (raar wurd).
A-B-klas
Yn de A-B-klas waard neffens in nij systeem keatst mei 5 partoeren. Neidat elk partoer twa kear spile hie, foel ien partoer ôf en mochten de oare fjouwer partoeren noch ien kear spylje tsjin it partoer dêr't se noch net tsjin spile hienen. Úteinlik telden de behelle punten út de twa earste partijen mei foar de einoerwinning, it systeem dus fan in pûl fan fjouwer partoeren.
Sa, en sa kaam it dat Johan Cnossen, Sjoerd Hofstee en Marcel de Groot yn de earste omloop wûnen fan Jelmer de Jong, Andrea Kroes en Jurjen Hiemstra op 5-4 6-2 en se stjoerden dêrnei Evert Sijbesma, Jeen Brinksma en Gerben Wierda nei hûs ta: 6-1 6-2. Twa kear winst dus foar Cnossen c.s.
Jelmer de Jong, Andrea Kroes en Jurjen Hiemstra hienen nei twa partijen 'mar' 11 punten, mar herstelden dat knap nei in 5-0 6-4 (!) oerwinning op Timen van Gelderen, Wybren Jorritsma en Jan Feenstra. En sa waard de 2de priis binnenhelle. Johan Cnossen c.s. dienen harren plicht tsjinoer Marco Lobregt en Evert Sijbesma (Evert wie ynfallen foar de útfallen Feiko Scheepvaart) en wûnen op 5-2 6-6, trije kear winst en dus de krâns.
B-C-klas
Yn de B-C-klas wie Aaltsje Kroes de grutte frou, op en út sprong se derút. Mei har maten Klaas Fokke Plantinga en Riemy Reitsma pakte se de iene nei de oare tsjinstanner yn. Yn de earste omloop moasten de lettere ferliezersrûntewinners Folkert Yde Kievit, Bertus Dotinga en Antsje Kievit de holle bûge op 5-3 6-0. Yn de twadde omloop beaen Arjan Mutsaers, Siebrigje Nynke Boschma en Minke Lys Leenstra heftich ferset, mar koenen it ek net rêde, 5-4 6-4.
En op 'e trije lieten se Kim van der Meulen, Harmen van Gelderen en Anthe Boonstra op in spul stean. De tredde priis dus foar Van der Meulen c.s. dy't de skande fan nul earsten besparre bleau, 5-2 6-0, want dêr like it earst wol op. Yn de finale dienen Maaike de Jong (it is even wennen sûnder de namme Faber), Arjen van der Ploeg en Ilse Batteram harren bêst en hienen alle kâns oant 3-3. Doe, op 3-3 6-6 waard it 4-3 en letter 5-3 foar Aaltsje en har maten. Op 5-3 6-6 wie de winst binnen.
De finale yn de ferliezersrûnte waard winst foar Folkert Yde Kievit en Antsje Kievit. Se namen frij flot in grutte foarsprong tsjin Ruurd Jan Leenstra, Norah ten Brink en Marit de Jong. De earsten begongen fouten te meitsjen en even like it derop op dat Leenstra c.s. trochpakke soenen, mar it herstel kaam op tiid foar Kievit c.s. en sjedêr de winst op 5-4 6-0.
De útslaggen


A-B-klas (5 partoeren)
1. Johan Cnossen, Sjoerd Hofstee en Marcel de Groot
2. Jelmer de Jong, Andrea Kroes en Jurjen Hiemstra
B-C-klas (12 partoeren)
1. Aaltsje Kroes, Klaas Fokke Plantinga en Riemy Reitsma
2. Maaike de Jong, Arjen van der Ploeg en Ilse Batteram
3. Kim van der Meulen, Harmen van Gelderen en Anthe Boonstra
Ferliezersrûnte
1. Folkert Yde Kievit, Bertus Dotinga en Antsje Kievit
2. Ruurd Jan Leenstra, Norah ten Brink en Marit de Jong
Op 'e foto links Sytze Jan de Vries yn plak fan freondinne Norah ten Brink.
Nieuws
Moaie EDB Bouwpartij mei winst foar de partoeren Kroes en Cnossen
zondag 15 juni 2025
...
Lees meer...
Moaie Repko Sportprijzenpartij mei krânsen foar Janna, Tessa, Eelco, Imme Klaas en Elbrich - 1
vrijdag 13 juni 2025
It...
Lees meer...



