Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Woansdei 4 juny Kampioenskip Gemeente Súdwest-Fryslân foar basisskoallen

Op 4 juni 2025 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 15 juny KNKB froulju fr.f.

Op 15 juni 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 6 july Jonge Hab Partij

Op 6 juli 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Moaie 3de priis foar Wybrig en Foke Jil op Frouljus-PC

woensdag 21 augustus 2024
3de priis.jpg
foto: Kaatsnieuws redactie

Weidum. Nei in lange dei stienen Wybrig Bakker, Rixt Blanke en Foke Jil Bakker foar de tinte om de 3de priis op  de Froulus-PC yn ûntfangst te nimmen. De froulju sieten yn in  moai blokje: twa kear winne wie mooglik en dan soenen se normaal sprutsen Annet de Haan, Jeska Terpstra en Manon Scheepstra treffe. En sa barde it. Yn de earste omloop wûnen se fan Rixt Fokkema, Marsha Boersma en Romy Postma op 5-3 6-0. En doe moasten se tsjin it pittige Lollumer trio Britt Joustra, Lisanne Venema en Jeldau Koopmans. Dat koe dreech wurde tsjin dizze noch jonge talinten. Mar se wûnen  dat troch gewoan goed keatsen. Wybrig wie fêst as altyd oan de opslach, en Foke Jil die it as debutante poerbêst, mei de dûbele funksje en se pakte yn it tuskenspul de nedige punten. Se kamen net yn gefaar en wûnen op 5-4 6-4.
Oer de heale finale kinne wy koart wêze. De froulju keatsten frij út, want se wisten dat it in hast kânsleaze misje wie. Ien earst krigen se en dat wie it, 5-1 6-4. Mar jo steane wol yn 'e boeken! Lokwinske froulju!

Andrea Kroes, Anna-Dieuwke Dijkstra en Rixt Wijnia kamen 3-1 foar tsjin de Keats-off-winners Sietske Okkema, Ilse Marije van Beem en Simona Kootstra. Doe begongen de lêsten te keatsen Andrea c.s. lieten wat stekken falle en sa siet der foar Andrea en har maten net in earst mear yn, 5-3 6-2, spitich. En foar Andrea is it har lêste PC. Mar wa wit, ynfalle kin altyd noch.
 
Ilse Baanstra keatste as debutante mei Hester Torensma en Gerbrich Koster tsjin Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jennie Terpstra. Dy wienen te sterk foar Ilse en har maten, 5-1 6-0 Mar jo hawwe der wol stien en se hat mei plezier keatst hawwe wy sjoen en jo binne noch jong!  (hvg)
Nieuws

Duo's Evert-Berber en Arjen-Sanne winne moai Pearkekeatsen yn Goaiïngea

zaterdag 31 mei 2025
...
Lees meer...

Bern-âlderkeatsen, it wie wer âlderwetsk!

donderdag 29 mei 2025
De...
Lees meer...

Boalsert wint famkes ôfdieling, 3de priis foar Brecht Renema mei Balk

zondag 18 mei 2025
...
Lees meer...