Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Moaie 3de priis Esther Lootsma by de KNKB-skoalfamkes

zondag 18 mei 2025
Goaiïngea. Der waard by de skoalfamkes keatst yn trije klassen: A, B1 en B2 (B2 klinkt better as C). 44 skoalfamkes wienen nei Goaiïngea takommen. De skiedsrjochters en karmasters hienen it net dreech.

B1-klas (10 partoeren)

In moai nûmer 10 hienen Esther Lootsma, de 'pleatslike favoryt', en Naomi Ykema fan Boalsert. Ien kear winne en do hast de 3e priis. Mar je wolle mear fansels, en dat like der earst ek wol op. Nei in 3-1 foarsprong tsjin de sterke Doutzen Wijtsma en Carlijn Terpstra waard it lykwols 4-4 en doe pakten de lêsten troch nei 5-4 6-0. Yn de finale wûnen Doutzen en Carlijn fertsjinne fan Melissa Hardholt en Anne Lynn Keegstra op 5-3 6-2. 


B2-klas (6 partoeren)

Dizze famkes keatsen in systeem fan trije-kear-lotsjen en dan de finale tusken de partoeren mei de measte punten. Yn dy finale gie tusken Hieke Sinnema en Ilse Koopmans en it duo Nikkie Bijlsma en Martih Postma. De beide partoeren hienen elkoar noch net troffen. Beide partoeren hienen alle trije partijen wûn!

Dan soenen jo sizze....  Mar nee, it waard in iensidich barren. Nikke en Marith wûnen de partij op 5-1 6-4!

A-klas (4 partoeren)
Dit is fansels pûltsjekeatse neffens de Snitser telling. Oppermachtich wie hjir it duo Anna Miedema en Floorke de Boer, dy't alle partijen wûnen, mei mar 5 earsten tsjin! De bêsten fan de rest wienen Sygrid Bosch en Fenna Koster mei 15 punten: twa winstpartijen en ien earst tsjin Anna en Floorke. 

De útslaggen

 A-klas

1. Anna Miedema (Stiens) – Floorke de Boer (De Hommerts)

2. Sygrid Bosch (Arum) – Fenna Koster (Nijewier)


3 1 2 a.jpg


 B1-klas

1. Doutzen Wijtsma (Ljussens) – Carlijn Terpstra (Stiens)

2. Melissa Hardholt (Dokkum) – Anne Lynn Keegstra (Nes)

3 . Esther Lootsma (Goaiïngea) – Naomi Ykema (Boalsert)

Ferliezersrûnte

1. Froukje Anita Lei (Moddergat) – Marije Eelkema (Blije)

1.jpg
5 Alles 1.jpg

B2-klas

Nikkie Bijlsma (Menaam) – Marith Postma (Dokkum)

Hieke Sinnema (Franeker) – Ilse Koopmans (Wytmarsum)

3 1 2.jpg
 
Nieuws

Sfearfolle 5de Jonge Hab Partij

zondag 6 juli 2025
...
Lees meer...

Lytse Hab Partij - foarboade fan de Grutte Hab

vrijdag 4 juli 2025
...
Lees meer...

38 bern romje de prizen op en dan .... kampeare!

vrijdag 20 juni 2025
...
Lees meer...