Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 12 septimber Nachtkeatsen leden senioaren

Op 12 september 2026 om 20:00 uur
locatie: Goaiïngea

Groep 45+ hat in moai ôfslutend Muorrekeatstoernoai 

vrijdag 10 april 2026
IMG-20260328-WA0000.jpg
Martsen van der Goot en Minke Tjalsma dogge beide de HAVO op it Bogerman yn Snits. As stúdzje-opdracht fan BSM (Bewegen Sport en Maatschappij) hienen se it organisearjen fan in muorre-keatstoernoai betocht. It sifer soe meitelle foar it eksamen fan dit jier. De learaar kaam fansels sels even del om te sjen hoe't de froulju it allegearre dwaan soenen.  
De eask wie dat der minimaal 10 minsken meidwaan moasten en dat slagge gelokkich presiis! De froulju hienen lotte mei it kompjûterprogramma fan Nolke Bergstra en sa wie der in moaie list makke: twa tsjin twa.
Oan it begjin fan it toernoai hjitten de froulje de spilers netsjes wolkom en leinen se út wat de bedoeling wie. Dêrnei koe it spul los! Mar dit wienen net samar wat freedtejûnspartijtsjes, nee, hjir gie it om de prizen. Martsen en Minke hâlden sels de punten by mei it flapboerd fan it follybal. Sa gie it allegearre hiel flot en sportyf. (Wy hearden letter dat der foar Martsen en Minke een moai sifer útkommen is!)
Nei ôfrin rikten Martsen en Minke de prizen ít, besteande út allegearre lekkere dingen
IMG20260410211529.jpg
IMG20260410211551.jpg
Dit wie de einstân
1. Harmen van Gelderen - 81 punten
2. Jorrit Jorritsma - 78 punten
3. Nolke Bergstra - 69 punten
IMG20260410211814.jpg
Bûten de prizen foelen spitich genôch: Wiebe Bakker, Hetsche Boonstra, Luutske Dotinga, Marco van der Goot,  
Jan de Groot, Yvonne Postma en Keimpe Talsma.
Nieuws

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...

Twadde kear De Golden Oldies fan it Fjild

zaterdag 22 augustus 2026
...
Lees meer...

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...