Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muurkaatsen op vrijdag 45+
Op 22 november 2024 om 19:30 uur
locatie:
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Midsimmer-EDB Bouwpartij mei moaie winners
zondag 30 juni 2024
De sponsor, Egbert de Bruin fan EDB Bouw út Gau, die dizze dei sels mei (hy leit breedút op de boppesteande foto). En hy wie yndield yn de A-B-klasse, by de cracks dus! Én heit Klaas de Bruins die mei, en datlêste hienen net in protte tocht. En der wie nóch in 'oudgediende', Cees Koopmans en dy wûn ek noch in fette priis en dy sil dat in dei letter wol field hawwe! En dan noch Germ Bergstra (in wike earder noch Gauster kampioen) én de topfitte Marten Molenmaker én de hast-tachtiger Oeds Broersma. Ja, de jongerein is noch wol yn de mearderheid en dat heart ek sa en dat bliuwt ek sa, mar 'oudjes' klopje noch op 'e doar! En dat is in goede saak. Der wienen totaal 16 partoeren en dat is prima.
A-B-klas
Der waard yn dizze klasse spile yn twa pûls fan trije. Twa partoeren sprongen der finaal út. En dy wûnen beide partijen yn harren pûl en kamen sadwaande yn de finale tsjin elkoar út.
Evert Sijbesma, Sibbele Lootsma en Brecht Renema tsjin 'the green army' Jouke Dotinga, Jurjen Hiemstra en Marcel de Groot. De wat mear âlderen (behalve Brecht fansels) tsjin de wat mear jongerein. It waard in spannende pot dy't op nei 5-5 beslist waard, mar it lêste earst wie op 6-0 foar Jouke en syn maten.
B-C-klas
Jelke Hindrik de Vries, Antsje Kievit en Willem Twijnstra kamen op papier maklik yn 'e finale. Willem wie ynflein út Gau wei, omdat de tredde maat Riemy Reitsma der net wie. Twa winstpartijen op 5-3 levere harren in steand nûmer op op 'e trije en dus de finale, tsjin Folkert Yde Kievit, Femke Terpstra en Cees Koopmans. De jonge Folkert Yde kin wol wat as er it op 'e heupen hat. Se rûtsten troch de earste omloop hinne en nei in steand nûmer wie dêr de heale finale al: tsjin Marije Jonker, Pieter Jan Scholtanus en Wytske Boschma. It waard in swiere partij, dy't Folkert Yde krekt wûnen op 5-5 6-4. In 3de priis dus foar Marije, Pieter Jan en Wytske en it twadde finaleplak wie binnen foar Folkert Yde en syn maten.
En yn dy finale tsjin Jelke Hindrik, Antsje en Willem moasten Folkert Yde, Femke en Cees noch in kear 100% oan 'e bak. Hie de partij dêrfoar te folle ferge? Wy sille it net witte. Wis is dat it 5-5 waard en it lêste earst skjin - 6-0 - nei Jelke Hindrik, Antsje en Willem gie.
De ferliezersfinale waard knap wûn troch Maureen Stok, Siebrigje Nynke Boschma (sy waard de lêste 15 minuten fan de partij netsjes ferfongen troch Jildou de Vries) en Oeds Broersma. It waard 5-2 6-4 tsjin Wytse Symen Boschma, Esmee Suierveld en Femke Terpstra (út Raerd, want wy hawwe twa 'eksimplaren' mei dizze namme binnen ús club).
De útslaggen
A-B-klas (6 partoeren)
1. Jouke Dotinga, Jurjen Hiemstra en Marcel de Groot
2. Evert Sijbesma, Sibbele Lootsma en Brecht Renema
B-C-klas (10 partoeren)
1. Jelke Hindrik de Vries, Antsje Kievit en Willem Twijnstra
2. Folkert Yde Kievit, Femke Terpstra en Cees Koopmans
3. Marije Jonker, Pieter Jan Scholtanus en Wytske Boschma
Ferliezersrûnte
1. Maureen Stok, Siebrigje Nynke Boschma en Oeds Broersma
2. Wytse Symen Boschma, Esmee Suierveld en Femke Veenstra (Raerd)
Nieuws