Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Tongersdei 14 maaie Âlder-bernpartij leden jeugd

Op 14 mei 2026 om 12:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 23 maaie Pearkekeatsen leden senioaren

Op 23 mei 2026 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea

Woansdei 27 maaie Oprommerspartij leden jeugd

Op 27 mei 2026 om 16:30 uur
locatie: Goaiïngea

Mei Goaiïngea binne de koppen fan de junioarenkompetysjes der ek ôf!

zondag 3 mei 2026
IMG20260502173320.jpg
De twa fjilden leien klear, de listen wienen makke - ja dy kinst tsjintwurdich malik fan de KNKB-site ôfhelje -, de kofje wie setten en it waar wie syblym, net te hyt, earst wat wolken mei yn it begjint in spatsje rein, mar letter op 'e dei kaam de sinne. En de wyn hie syn nocht fan waaien.
It iennichste neidielige puntsje wie twa ynkomplete listen en dat waard dus bylotsjen: dat gunst net ien. Mar ja, it moat! En de lûdynstallaasje moat neisjoen wurde, it spul pipet en kreaket noch al. 

IMG20260502174342.jpg
Froulju junioaren
11 partoeren froulju, in moaie list dus. Fan ús leden dienen mei: Berber van der Goot, Martsen van der Goot, Ilse Baanstra en Brecht Renema. De lêste hie in hiele goede maat lotte n Noa Elzinga en ja, dan hast in prachtich perk.
Martsen ferlear mei har maten Emma Porte en Fianne Dijkstra mei in hast skjinne telegraaf fan it partoer Gerbrich Koster, Ilse Baanstra en Larissa Smink, ek ien dan de favoriten fan dizze dei. Dat die bliken yn de twadde omloop doe't se oantreden moasten tsjin Manouk Scharringa, Brecht Renema en Noa Elzinga. It waard in finale gelyk: op 5-5 6-4 foel de winst Scharringa c.s. ta.
Ûnderwilens wienen Martsen van der Goot en Fianne Dijkstra bylotte by partoer 11, by Anna Lotte van Beem. Se moasten flink oan 'e bak yn de twadde omloop tsjin Maren de Vries, Fenna Cuperus en Senne Idsardi en koenen dat krekt rêde: 5-4 6-4 
Yn de heale finale krigen se Scharringa, Renema en Elzinga foar harren oer en dy wienen in maat te grut: 5-1 6-4. Wol in 3de priis dus foar Martsen.
De oare finalisten wienen Yannah Palma, Rixt Blanke en Britt Joustra, ek net de minsten. In pittige partij waard it.
Op 5-3 6-6 makke Brecht Renema de partij út mei in moaie boppeslach.

Ferliezersrûnte
De finale waard wûn troch it partoer Iris Veltman, Marsha Boersma en Jeldau Koopmans fan Emma Porte, Fenna Koster en  Noëlle Hiddinga op 5-2 6-6.

De útslaggen
1. Manouk Scharringa (Dronryp) - Brecht Renema (De Gaastmar) - Noa Elzinga (Boalsert)
2. Yannah Palma (Tsjom) - Rixt Blanke (Boalsert) - Britt Joustra (Lollum)
3. Anna Lotte van Beem (Dronryp) - Fianne Dijkstra (Easterein) - Martsen van der Goot (Goaiïngea)
Ferliezersrûnte
1. Iris Veltman (Dronryp) - Marsha Boersma (Stiens) - Jeldau Koopmans (Lollum)
2. Emma Porte (Âldebiltsyl) - Fenna Koster (Nijewier) - Noëlle Hiddinga (Sint Anne) 
1 Froulju 1ste.jpg

2 Froulju 2de.jpg












3 Froulju 3de.jpg


4 Froulju 1ste ferl..jpg











5 Froulju 2de ferl..jpg














Manlju junioaren
Hjir wienen 'mar' 8 partoeren. Jurjen Hiemstra en Jelmer Foppe Drijfhout kamen hjir as DLG'ers yn aksje. 
Foar Jurjen wie it syn debút yn dizze kompetysje, Jelmer Foppe is al wat in feteraan.  Beide mannen kamen de earste omloop goed troch. Jurjen mei syn maten Jardo Sterkenburg en de bylotte Lars Tijssen en Jelmer Foppe mei Edwin Arjen Yska en Jorrit Palma.
Yn de twadde omloop kamen Jurjen en syn maten te koart tsjin de lettere winners. Jelmer Foppe syn partoer kaam wat gelokkich foar tsjin Wiebe van Wier, Lieuwe van der Kamp en Brent Jesse van Beem neidat in boppeslach fan Brent Jesse net boppe jûn waard (frisse bal fan de skiedsrjochter, wat nimmen fan de offisjele ynstânsjes hie it sjoen). Dat joech mentaal in knakje en de partij draaide hielendal om en Drijfhout c.s. rûnen út nei in 5-2 foarsprong. Lykwols, Van Wier c.s. herstelden en krûpten earst nei earst tichterby, oant 5-5. Ja, en doe foel de winst dochs noch ta oan Van Wier, Van der Kamp en Van Beem.
Yn de finale dy't folge hienen Van Wier c.s. in 'déja vu': dit hawwe wy earder sjoen. Se kamen wer 5-2 achter (of miskien wol 5-1). Dit kear tsjin Jisse Draaisma, Nick van der Walt en Jarno Feenstra. De lêsten koenen it mar net útmeitsje en dat waard it wér 5-5. Wat in omloop earder wol slagge, mislearre no jammerlik foar Van Wier c.s. Op 5-5 6-4 wie de lêste slach foar Draaisma c.s.

Ferliezersrûnte
Hjir waard de finale wûn troch Iwan Hiddinga, Rimar van der Schaaf en Jan-Tymen Eisma. Op 5-3 6-0 wûnen se fertsjinne fan Karst Hoekstra, Silvan Elzinga en Mient Schregardus.

De útslaggen
1. Jisse Draaisma (Frjentsjer) - Nick van der Walt (Seisbierrum) - Jarno Feenstra (Eksmoarre)
2. Wiebe van Wier (Peins) - Lieuwe van der Kamp (Nijlân) - Brent Jesse van Beem (Dronryp)
Ferliezersrûnte
1. Iwan Hiddinga (Sint Anne) - Rimar van der Schaaf (Bitgum) - Jan-Tymen Eisma (Frjentsjer)
2. Karst Hoekstra (Blije) - Silvan Elzinga (Boalsert) - Mient Schregardus (Dokkum)
Nieuws

Mei Goaiïngea binne de koppen fan de junioarenkompetysjes der ek ôf!

zondag 3 mei 2026
De...
Lees meer...

De kop is derôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij - jeugd

maandag 27 april 2026
...
Lees meer...

De kop is der ek ôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij - senioaren

maandag 27 april 2026
...
Lees meer...