Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Lytse Hab Partij - foarboade fan de Grutte Hab

vrijdag 4 juli 2025

Elk belangryk evenemint foar de grutte minsken hat in ferzy foar de bern. Sa hast de 11 stêdetocht op ‘e fyts foar de grutten en ek in ferzy foar de bern. Ik wit sa even net mear foarbylden, mar de Lytse Hab is yn elk gefal de ‘jongere’ útfiering fan de Grutte Hab.

Trochdat der nochal wat welpen op Kamp wienen, wie der in kabouters/welpen-groep makke mei seis twatallen. In aparte kaboutergroep wie der ek, mei fjouwer twatallen. En fan de pupillen wienen der  ‘mar’ fjouwer, wêrfan ien skoalfamke. Ja, it is wat. En der wienen buien, mar dat dearde de famkes en jonges net!

 

Kabouters – in thriller

Sy spilen yn in pûl fan 4 partoeren. De lêste partij yn ‘e pûl gie tusken Fenna Mud/Jesper Abma en Fardau Abma/Ella Bijma. Fardau en Ella moasten dit beslist winne om kâns te hâlden op de krâns. Mar Fenna en Jesper mochten dan net mear as fjouwer earsten krije. It waard in lytse thriller, want alles kaam oan ‘e hang en op 5-5 6-6. En op dy stân pakten Fardau en Ella wol de partijwinst, mar net de 1ste priis.  

 

Kabouters-welpen

De seis twatallen mochten allegearre mar even trije kear keatse, neffens in foarôf fêststeld systeem. Nei twa omlopen stienen Jesse van der Zwan en Baukje Huitema op 14 punten en dat wie ek sa foar Jildert Bakker en Janna Abma. En dy twa partoeren moasten yn de lêste partij tsjin elkoar. It wie spannend en de winst gie nei Jesse en Baukje op 5-4 6-2; 18 punten dus foar Jildert en Janna. Mar wat dienen Feija Bakker en Herre Winia. Sy stienen nei twa partijen op 11 punten en wûnen de lêste partij dik en hienen sadwaande ek 18 punten, mar wat minder tsjinearsten as Jildert en Janna: 7 om  10.

 

Pupillen

Dat waard mei fjouwer dielnimmers keatse as yndividuën en dan wol elke kear wer mei in oar.

Twa sprongen derút: Tieme Holtrop en Esther Lootsma. Yn de earste partij waard de toan al setten: Esther wûn mei Femke van der Zwan op 5-5 6-6 fan Tieme en Mare van der Goot. Yn de twadde partij mochten Esther en Tieme tegearre: winst op Mare en Femke op 5-1 6-0. Nei twa partijen stie Esther der yn prinsipe it bêste foar: winne yn de lêste partij en it wie klear. Mar sa gie it net! Tieme en Femke wûnen op 5-3 6-6 fan Esther en Mare en de krâns wie binnen foar Tieme Holtrop. 


Dit binne de útslaggen

 

Kabouters (4 twatallen)

1. Fenna Mud en Jesper Abma (19 punten - 10 tsjin) 2. Fardau Abma en Ella Bijma (19 punten -  15 tsjin)

 

02-07Kabouters.jpg
 Kabouters/welpen (6 twatallen)

1. Jesse van der Zwan en Baukje Huitema

2. Feija Bakker en Herre Winia

02-07Kabouters-welpen.jpg
 Pupillen (4 dielnimmers)

1. Tieme Holtrop (19 punten)

2. Esther Lootsma (17 punten)

02-07Pupillen.jpg
 
Nieuws

Sfearfolle 5de Jonge Hab Partij

zondag 6 juli 2025
...
Lees meer...

Lytse Hab Partij - foarboade fan de Grutte Hab

vrijdag 4 juli 2025
...
Lees meer...

38 bern romje de prizen op en dan .... kampeare!

vrijdag 20 juni 2025
...
Lees meer...