Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 12 septimber Nachtkeatsen leden senioaren

Op 12 september 2026 om 20:00 uur
locatie: Goaiïngea

In lintsje foar Gerrit Koudenburg

vrijdag 26 april 2024
IMG-20240426-WA0017.jpg
Fannemoarn om 9 oere struts Jannewietske, boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân, del yn Goaiïngea oan De Boppeslach. Reden: ús net-mear-keatsend-lid Gerrit Koudenburg krige it lintsje 'Lid in de Orde van Oranje Nassau' opspjelde troch ús krekt wer foar seis jier beneamde boargemaster; de iennichste boargemaster yn ús lân dy't oantsjutten wurdt mei har foarnamme. Mar genôch oer hár!

Gerrit har jierrenlang, foaral yn de earste 25 jier fan ús club, aktyf west op allerhanne gebiet binnen de keatserij yn Goaiïngea e.o.  
IMG-20240426-WA0019.jpg
Tsien jier wie hy bestjoerslid,  jierrenlang lid fan de jeugdkommisje, as trener, as begelieder fan partoeren, as lid fan de redaksje S&B, as mei-skriuwer fan it jubileumboek. Jierrenlang kaam hy ek út foar ús ôfdieling op de CFK-bûnspartij. Dêrnêst hat Gerrit aktyf west en is dat noch op tsjerklik gebiet, as buordeskriuwer by bertes en as tekener, ja, op hokker gebiet wie nét aktyf! Hy hie faak in protte ballen tagelyk yn 'e loft te hâlden!

Trûbadoer Bruno Rummler - hy keatste foarich jier noch mei op in kompetysjejûn - song in tapaslik liet by de doar fan Gerrit en Margje, foardat Gerrit it lintsje opspjelde krige. 

Fan herte Gerrit!
IMG-20240426-WA0018.jpg
 
Nieuws

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...

Twadde kear De Golden Oldies fan it Fjild

zaterdag 22 augustus 2026
...
Lees meer...

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...