Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Freed 5 juny Regio ôfdielingskampioenskippen
Op 5 juni 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea
Freed 5 juny Federaasjepartij junioaren
Op 5 juni 2026 om 17:00 uur
locatie: Goaiïngea
Freed 19 juny Ferklaaipartij leden jeugd
Op 19 juni 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea
Âlde Hap Partij brocht brodzich waar en swier keatsen: Frjentsjer wint
zondag 31 mei 2026

Goaiïngea, snein 31 maaie. Nei in lange dei rikte Jouke Dotinga de prizen út, sponsord troch DE ÂLDE HAP!
Dat binne de oprjochters fan ús keatsclub en minsken gewoan lid bleaun binne en seker minsken fan de earste oere fan de feriening. Sy befolkje de stamtafel op tiisdei, dêr binne sy dan te bewûnderjen, hantekeningen kinne levere wurde.
Frjentsjer wint oertsjûgjend
It wie alwer de safolste 50+-partij en dat foldocht altyd skoan. De mannen komme hjir ek graach hawwe wy it idee: se wurde let en set mei cake, woarst en tsiis. Dochs stienen der mar 15 partoeren op 'e list op dizze generale foar de Bûnspartij fan 6 juny. Frjentsjer is de hazze wêze dêr't elk op sjitte wol. Frjentsjer begong mei in steand nûmer en dat is net geunstich, want yn 9 fan de 10 kear ferliest sa'n partoer yn de twadde omloop. Mar Frjentsjer dus net. Se fersloegen Ingelum op 5-0 6-4. Presiis itselde lot trof Wytmarsum, dat ek op 5-4 6-6 de boat yngiet. En sjedêr, de finale wie berikt. En no oardeloere wachtsje.....
Sint Anne hie it swier. Anne de Vries, Doede Machiela en André Iedema setten mei muoite Snits oan 'e kant, dat spile mei Keimpe Talsma en Sibbele Lootsma, mei as tredde maat Neno Viëtor, dy't ynfoel foar Catrinus Gerbrandy.
(Snits krige dêrnei yn de heale finale fan de werkânsing oan 'e broek fan Bitgum).
Neidat Sint Anne de buertgenoaten Sint Jabik oan 'e kant setten hienen (5-2 6-2) kaam yn de heale finale it ferrassend taaie Wommels, mei Frysk Dammer/Stadige Striker Jelle Wiersma, foarby. De swiere partij wûnen se op 5-5 6-6 en dêrby hienen se ynleverje moatten. Yn de finale makken se gjin kâns tsjin it superfitte Frjentsjer: 5-2 6-6.
Yn de ferliezersfinale wûn Goutum mei in 5-3 6-6 winst op Bitgum.
En Goaiïngea?
DE DRIE J'S (JACOB DOTINGA-JARING YPMA-JAN DE GROOT)
hienen har grif mear foarsteld fan harren optreden. Se mochten yn de earste omloop even rûke oan de mooglikheid fan winst: se kamen 2-1 foar! Wommels liet harren op ien spul stean. In flattearre ferlies sille wy mar sizze, want der hie hjir en dêr mear yn sitten. Dan misse jo dochs wat erfaring.
De twadde omloop tsjin Bitgum gie al wat better. Yn it lêste earst - 6-2 foarsprong - fergeaten de mannen op tiid troch te biten en it fjirde buordsje binnen te heljen. Op 5-3 6-6 wie de keats te lyts en mochten de mannen ûnder de brûs! Hienen se noch in kear mocht, dan hienen se grif wûn!
De útslaggen
1. Franeker
(Jacob Kamstra-Broer Siderius-Ludwig Seerden)
2. Sint
Annaparochie (Anne de Vries-Doede Machiela-André Iedema)
3. Witmarsum
(André Dijkstra-Arnold Bergsma-Michael van Coevorden)
3. Wommels
(Trienus de Jong-Durk Kijnsma-Jelle Wiersma)
Werkânsing
1. Goutum
(Arnold Terpstra-Dirk Jan van der Woud-Jan Meindertsma)
2. Bitgum
(Peter Dijkstra-Marcus Elzinga-Hendrik Dijkstra)





Nieuws
Âlde Hap Partij brocht brodzich waar en swier keatsen: Frjentsjer wint
zondag 31 mei 2026
...
Lees meer...
Wat in prizen op de Oprommerspartij! - se komme miskien wol noait op
woensdag 27 mei 2026
...
Lees meer...





