Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Sneon 22 augustus Johannes de Jagerpartij leden senioaren

Op 22 augustus 2026 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 22 augustus Froulju 45+-partij 

Op 22 augustus 2026 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Koarte ledegearkomste mei as 'toetje' in dynamyske Muzykbingo

vrijdag 7 november 2025

It wie in folle bak yn doarpshûs Ús Gebou. It folsleine bestjoer siet achter de grutte tafel. Rjochs yn de seal siet 'it jongfolk', yn 'e midden siet it middensegmint' en de linker kant waard ynnommen troch 'de grize pleach'. 

AGINDA
15294.jpg
It wichtichste agindapunt wie de bestjoersferkiezing. Wytske Boschma, hielendal rjochts de boppesteande foto, waard sûnder problemen foar in nije perioade beneamd. Applaus dus. Marten Molenmaker stelde him beskikber foar de kaskommisje nêst Sipke Dotinga. Der wurdt ûndersyk dien nei it opknappen fan de keatskantine. Harmen van Gelderen lies, nei wat mikrofoanperikels, syn ferslach oer it ôfrûne seizoen foar.

Repkobekers
15313.jpg
By it lêste agindapunt - it omfreegjen - rikte Harmen de 
út oan Marcel de Groot en Riemy Reitsma de Repkobekers út. De winner fan it Veneboerklassemint, Keimpe Talsma, wie der net. Dy krijt de beker op in oar momint. 
En sa wie de gearkomste nei 33 minuten dien.

MUZYKBINGO
15351 - kopie.jpg
15342.jpg
Dit waard it hiele hilariteit mei in protte gelûden. De 'mistery guest' bestie út twa persoanen: Gerben Wierda en Wytse Symen Boschma. Sy dienen fakkundich de presintaasje en drukten op knopkes. Ja, hoe goed binne jo mei muzyk. Faak herkenst de melody wol, mar hast gjin idee fan titel of tekst. Gelokkich wie it tastien om elkoar te helpen, it waard yn elk gefal net ferbean. 
En sa kaam it dus dat minsken dy't it allinnich lang net rêden hienen dochs in priis wûnen. Wy doare Sipke Dotinga, Rimmer Osinga, Johannes de Jager en Herman van Vilsteren as foarbylden dêrfan te neamen, mei it risiko dat wy it mis hawwe fansels. 
Marcel de Groot wûn de grabbeltûnepriis, mar wy hawwe gjin idee wat dy priis wie.  It wie in tige slagge jûn. It kin wol wer in kear. En oars Oud-Hollandse Spelen.

15340.jpg
 
Nieuws

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...

Moaie KNKB-keatserij mei famkes frije formaasje

zondag 16 augustus 2026
Der dienen...
Lees meer...

15 partoeren KNKB skoalfamkes mei spannend keatsen 

zondag 16 augustus 2026
Der die...
Lees meer...