Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Freed 17 july Thúsbliuwerspartij leden jeugd

Op 17 juli 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 26 july Jonge Hab Partij t.i.l. 16+

Op 26 juli 2026 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 14 augustus IJsjespartij leden jeugd

Op 14 augustus 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

KNKB 1ste klas froulju mei in moai fjild fol 

zondag 15 juni 2025
Alles.jpg
Goaiïngea. Tagelyk mei de EDB Bouwpartij fûn dizze KNKB-partij plak, mei in moaie list fan 13 frijeformaajepartoeren. Oan 'e ein fan 'e middei dei stie it sterke partoer fan Larissa Smink, Anouk Smink en Senne Idsardi yn 'e krânsen. Oer de hiele dei krigen se mar fjouwer earsten tsjin, nul yn de earste twa partijen, ien yn 'e heale finale en ien yn 'e finale. Dat wie dus dúdlik. Foar de 2de priiswinners Inge Jansma, Rixt Blanke en Noëlle Hiddinga siet der dus mar ien earst yn, 5-1 6-6.

Eigen froulju
In moaie 1ste priis yn de ferliezersrûnte wie foar 'ús' Elbrich Kooistra en Brecht Renema, dy't keatsten mei harren fêste maat Sophie Kroondijk. De finale wie krekt noch iensidiger as de echte finale. Tsjin Rixt Fokkema, Ilse Marije van Beem en Romy Postma waard it 5-0 6-6. Nei ferlies yn de earste omloop wie it yn de twadde omloop in knikkert op 'e kant: winst op 5-5 6-6. Nei in steand nûmer op 'e trije pakten se dus de winst yn de finale.
Martsen van der Goot hie formearre mei Brecht Grovenstein en Rikst Baarda. Yn de earste omloop ferlearen se op 5-1 6-6 en yn de twadde omloop wienen Dide Iedema en Selma van der Wal krekt te sterk: 5-4 6-0.
Berber van der Goot en Ilse Baanstra wûnen mei Suzanna Allema yn de earste omloop fan Laudy Bouma, Riska Bouma en Hendrieke van der Schoot op 5-2 6-0-. De twadde partij wie in stik dreger, se koenen it krekt net hâlde tsjin Yannah Palma, Marsha Boersma en Gerbrich Koster, 5-4 6-0.

De útslaggen
1. Larissa Smink (Makkum), Anouk Smink (Makkum) en Senne Idsardi (Dronryp)
2. Inge Jansma (Dronryp), Rixt Blanke (Boalsert) en Noëlle Hiddinga (Sint Anne)
3. Hester Torensma (Easternijtsjerk), Amarins de Groot (Mantgum) en Rixt Wijnia (Berltsum)
3. Yannah Palma (Tsjom), Marsha Boersma (Stiens) en Gerbrich Koster (Tsjom)
Ferliezersrûnte
1. Elbrich Kooistra (Loaiïngea), Brecht Renema (De Gaastmar) en Sophie Kroondijk (Sint Anne)
1ste priis.jpg
2de priis.jpg
3de prizen.jpg
5 1ste priis werk.jpg


 
Nieuws

Froulju 1ste klas: moaie 2de priis foar Berber van der Goot en Brecht Renema 

zondag 28 juni 2026
...
Lees meer...

EDB Bouwpartij: sinne en wille kin folle tille

zondag 21 juni 2026
...
Lees meer...

Liset Teernstra wie it moaist ferklaaid én se hie de krâns om 'e nekke

vrijdag 19 juni 2026
It...
Lees meer...