Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Nachtkeatsen leden jeugd

Op 14 september 2024 om 18:00 uur
locatie: Goaiïngea

Nachtkeatsen leden senioaren

Op 14 september 2024 om 20:00 uur
locatie: Goaiïngea

Kabouter Age pakt de krâns by welpen op de Thúsbliuwerspartij 

vrijdag 26 juli 2024
En sa wie it wer tiid foar de Thúsbliuwerspartij. It is fansels in nuvere namme, want dat 'thúsbliuwen' jildt yn dit gefal foar de earste wike fan de skoallefakânsje. Wa wit watfoar reizen de bern noch meitsje sille. 
Mei elkoar 25 bern kamen yn aksje op dizze moaie freedtemiddei.

Kabouters A
Wy witte noch dat Digna van Dijken mei de Lytse Hab Partij har earste krâns wûn. En no? No, by de A-kabouters waard it har 2de! Yn har pûltsje fan 4 bern wûn sy alle partijen! Remon Wiersma en Jelke Holtrop hienen beide 16 punten, mar Remon hie 13 tsjinearsten en Jelke 16. De 2de priis wier dus foar Remon! Einliks wie dat ek terjochte, want de ûnderlinge partij wûn Remon op 5-5 6-6!  

Kabouters B
Hjir ek 4 bern en in moai pûltsje fan 4. Janna Abma wûn alle partijen, mar dat gie net fansels. De lêste partij, tsjin Herre Winia wûn se pas op 5-5 6-6! De 2de priis waard op tsjinpunten beslist tusken Herre en sus Nyncke. En dy priis gie nei Nyncke Winia, want sy hie op 5-5 6-2 fan Herre wûn.  

Welpen
By de 4 partoeren welpen dienen  3 kabouters mei en alle 3 pakten se in priis! De 1ste priis wie foar ús Skearnegoutumer lid Jesper Boersma, dy't mei Age Bakker  keatste. Tegearre wûnen se alle partijen mei mar 8 earsten tsjin! De oare 3 partoeren wûnen allegearre mar ien partij: de bêsten fan dizze rest wienen broer en sus Jildert en Feija Bakker. Sy makken it Jesper en Age it noch it dreechst: 5-4 6-2!

Pupillen
Hjir wienen ek 4 partoeren en hjir wie ek ien partoeren dat alles wûn: Esther Lootsma en Patrick Feenstra. En sy hienen ek mar 8 earsten tsjin. Fertsjinne dus. In moaie 2de priis wie foar Jitse Bakker en Mare van der Goot. Yn de beslissende partij tsjin Esther en Patrick waard it 5-1 6-6-4.  
 
Dit binne de útslaggen mei de foto's fan de priiswinners

Kabouters A (4 bern)

1. Digna van Dijken  2. Remon Wiersma 

(foto ûnder)

Kabouters A 1ste en 2de priis.jpg
Kabouters B 1ste en 2de priis.jpg

Kabouters B (4 bern

1. Janna Abma  2. Nyncke Winia 

(foto boppe)


Welpen (4 partoeren

1. Jesper Boersma en Age Bakker 

2. Jilder Bakker en Feija Bakker

(foto ûnder)



Welpen 1ste en 2de priis.jpg
 Pupillen (4 partoeren

1. Esther Lootsma en Patrick Feenstra 

2. Jitse Bakker en Mare van der Goot

(foto ûnder)

Pupillen 1ste en 2de priis.jpg


Nieuws

Fakânsjepapartij: Herre Winia syn earste krâns!

vrijdag 23 augustus 2024
It is noch...
Lees meer...

Moaie 3de priis foar Wybrig en Foke Jil op Frouljus-PC

woensdag 21 augustus 2024
...
Lees meer...

Fakânsjepartij mei waar as spek

zaterdag 17 augustus 2024
...
Lees meer...