Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Sneon 28 febrewaris Poiesz Jeugd Sponsoraksje - de dei fan kf DLG

Op 28 februari 2026 om 08:30 uur
locatie: Skearnegoutum - Poiesz

Freed 13 maart Algemiene ledegearkomste kf De Lege Geaen

Op 13 maart 2026 om 20:00 uur
locatie: Goaiïngea - Doarpshûs de Kosterij

Tongersdei 19 maart Foarjiersgearkomste Federaasje Snits

Op 19 maart 2026 om 19:30 uur
locatie: Itens - Doarpshûs Lytse Fjouwere

Jurjen Hiemstra wint Muorrekeatstoernoai

maandag 5 februari 2024
Sibrandabuorren, 4 febrewaris 2024.
Der wie dit kear net in apart toernoai fan de tiisdeitejûnfroulju. Sadwaande wie der ien klasse, dy't om 13:00 oere begong. En der wie in moaie list fan 15 dielnimmers. Ja, it wie einliks in gewoane kompetysjemiddei, want it begong om 13:00 oere, it wienen deselde dielnimmers en dy spilen tsjin deselde tsjinstanners en der waard inselde oantal partijen spile. It ferskil wie dat toernoaidirekteur  Nolke Bergstra prizen regele hie, dy't er yn hippe taskes dien hie. En der wie noch in ekstra, spesjale priis foar de winner. En de priisútrikking wie fansels boppe yn de kantine. Genôch bysaken neamd!
No it toernoai. Acht partijen mocht elkenien spylje, 17 punten wie út. Der wie in A-fjild, wêr't mei in soart handicap spile waard, want der komt in nij klimrek en de plakken dêr't de peallen yn komme moatte, koenen hinderlik wêze. Mar dat gie allegearre goed. Yn dat fjild spilen de bettere muorrekeatsers. Yn it B-fjild aktearden de wat mindere goaden. En der wie in middengroep dy't op beide fjilden aktyf wêze mocht.

Jurjen en Martsen beide yn 'e dûbele sifers
IMG_6888.JPG
Twa persoanen wûnen sân fan de acht partijen, en dat is knap. Jurjen Hiemstra en Martsen van der Goot dienen dat en se hienen beide ek fierwei it heechste puntesaldo, 41 en 40. Der wie dus mar 1 punt ferskil! En dat resultearre yn 11,1 punt foar Jurjen en 11,0 punt foar Marten. En dêrom krige Jurjen, behalve it taske mei lekkerheden, ek noch in knuffelbeer fan Nolke! En Jurjen moast der ek noch sichtber mei oer der dyk. Hy wennet flakby de sporthal en hie neat by him om it beest yn te dwaan.
De 3de priis wie foar twa 'A-man' en gastspiler Sjoerd Atze de Jong. Hy wûn seis fan de acht partijen en hie in posityf puntessaldo fan 30.
De 4de en 5de priis kaam ta oan Evert Sijbesma en Minke Lys Leenstra. Der wie mar 0,1 punt ferskil.
In bysûnder gefal wie Johan Cnossen. Hy wûn ek seis fan de acht partijen, mar hy hie in posityf puntesaldo fan mar 6. Ja, en dan falle jo bûten de prizen....


Der komt noch in slottoernoai
Hjirmei wie it twadde toernoai foarby. Der komt noch in slottoernoai en dan wurde ek de prizen útrikt fan de tiisdeitejûn- en de sneintemiddeikompetysje. (hvg)

MUORREKEATSTOERNOAI SIBRANDABUORREN 04-02-2024 einútslach.jpg
 

Nieuws

It lytste Muorrekeatstoernoai sûnt 2016: en dochs wie it leuk

zondag 30 november 2025
...
Lees meer...

It Muorrekeatsen sit yn swier waar

zondag 30 november 2025
Lees meer...

Koarte ledegearkomste mei as 'toetje' in dynamyske Muzykbingo

vrijdag 7 november 2025
It wie in...
Lees meer...