Ledefergadering Kf DLG freed 7 novimber
Jitse, Eelco en Wiebe winne 3de priis op kampioenskip Súdwest-Fryslân foar basisskoallen

Jonges A (gjin wedstriid)
Foar dizze klasse hienen har opjûn CBS It Fûnemint – Wommels ((Redmer Politiek-Fender Flisijn-Syan Bults) en OBS De Útskoat – Wytmarsum (Lennart Wagenaar-Sem Elgersma-Arne Zandbergen). Dizze twa skoallen meie automatyske meidwaan op 11 juny yn Frjentsjer oan it provinsjale kampioenskip jonges A.
OBS De Útskoat wint by de famkes A
Yn dizze klasse mei fjouwer partoeren wienen allinnic twatallen, dus dat skeelde in krâns en in priis. De Útskoat fan Wytmarsum mei Elske Tassebajof en Maud van der Wei helle 19 punten, twa winstpartijen en ien ferliespartij op 5-5 6-6 tsjin CBS Van Haersma Buma fan De Hommerts. De twa dappere striders fan De Hommerts, Marin Grondsma en Jeldou Raap, hellen yn de earste partij mar in spul, wûnen wol de tredde partij en hellen sa 'mar' 16 punten, mar wol de 2de priis.
CBS De Earste Trimen fan Nijlân fertsjinne nei de winst by de famkes B
Ilse de Graaf en Beber van der Burg fan De Earste Trimen kamen nei twa ridlik ienfâldige winstpartijen yn de finale tsjin de Sint Bonifaciusskoalle fan Reahûs. De Reahústers, mei Geartsje Altenburg, Femke Visser en Anna de Jong, hienen it pittich hân yn de earste omloop (5-5 6-4), mar yn de twadde omloop wie it in makje (5-0 6-2). It waard in moaie finalepartij, dy't op 5-3 6-6 beslist waard yn it foardiel fan De Earste Trimen.
Jonges B (16 partoeren)
1. CBS De Bonkelder – Wytmarsum (Bouwe Postma-Sjoerd van der Schaaf-Danny Terpstra)
2. OBS Epemaskoalle – Ysbrechtum (Sheng Li Dijkstra – Jens de Vries – Morris Stam)
3. MS De Legeaën – Sibrandabuorren (Jitse Bakker-Eelco Kiestra-Wiebe Huitema)
3. SBO De Súdwester – Snits (Roan Brandsma-Kayden Oosting-Klaas-Jelle Greidanus)
Werkânsing
1. SBS De Romte - Itens (Jort Kronemeijer-Thys Strikwerda-Else Zeinstra)
2. CBS It Fûnemint - Wommels (Wybren Politiek-Redmar de Boer-Geart-Otte Rypkema)








Famkes A (4 partoeren)
1. OBS De Útskoat - Wytmarsum (Elske Tassebajof-Maud van der Wei)
2. CBS Van Haersma Buma -De Hommerts (Marin Grondsma-Jeldou Raap)
1. CBS De Earste Trimen – Nijlân (Ilse de Graaf-Berber van der Burg)
2. Sint Bonifaciusskoalle – Reahûs (Geartsje Altenburg-Femke Visser-Anna de Jong)
Werkânsing
1. Sint Martinusskoalle (Lente van Bolhuis-Lizz Groen)
2. CBS De Ark (Brecht Gietema-Jildau van der Kamp-Fleur Oostenveld)




Nachtkeatsen jeugd: lekker keatse, los fan de grutten!
Nachtkeatsen fan de senioaren soarge wer foar in prachtige nacht
Martsen van der Goot en Brecht Renema huldige nei twa Europeeske titels





