Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Tongersdei 1 maaie Aldizeraksje

Op 1 mei 2025 om 18:00 uur
locatie: Sibrandabuorren

Snein 11 maaie KNKB manlju 50+ AB t.i.l.

Op 11 mei 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 18 maaie KNKB famkes ôfd. + ferl. afd.

Op 18 mei 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Jeugd koe noch krekt even nachtkeatse!

zondag 10 september 2023

Goaiïngea, 9 septimber. De âldere bern, de skoaljeugd, mochten meidwaan oan it Nachtkeatsen fan de senioaren en dat wie foar harren fansels in útdaging! En Doutzen Twijnstra foel dêr ek noch yn 'e prizen en mocht dus hiel lang opbliuwe! Bleauwen de kabouters en welpen oer, mei-elkoar 24 bern. En dy makken der in hiele moaie striid fan.

 

Kabouters

De kabouters keatsten net ien-tsjin-ien, mar yn twatallen it Begjinnersspul, mei in fêste line as keats. Slachst dyn foarby, dan hast 2 punten, slagget dat net dan krijt de tsjinstanner 2 punten. Nei 2 earsten wikselt it perkpartoer mei it fjildpartoer fan plak. As je it dochs oer fluggere partijen hawwe, sa as de KNKB wol, dan soe dit in moaie oplossing dêrfoar wêze.

Mar goed. It waard prachtige en spannende finale tusken Age Bakker en Femke Abma en de famkes Feija Bakker en Digna van Dijken. Pas op 5-5 6-0 wûnen Age en Femke.

Yn de ferliezersfinale wûnen Layla Borkhuis en Jelke Holtrop fan Ronja Teernstra en Baukje Huitema op 5-3 6-6.

 

 Kabouters (7 twatallen)

1. Age Bakker en Femke Abma

2. Feija Bakker en Digna van Dijken

Ferliezersrûnte

1. Layla Borkhuis en Jelke Holtrop

2. Ronja Teernstra en Baukje Huitema


Welpen

De fiif partoeren welpen makken der echt in langtriedderige, mar foaral ek spannende boel fan! Fan de seis partijen eingen fiif op 5-5 en ien op 5-4. Ja, sa kinst it moai rekke en sa dochs noch yn it tsjuster út komme.  Neidat alle partoeren twa kear spile hienen, kaam de finalepartij tusken Femke van der Zwan en Anna-Lynn Koldijk tsjin de trije jonges Wiebe Huitema, Bert Kalma en Ravi de Vries. It wie superspannend en de ballen wienen op 't lêst net maklik mear te sjen. It sil de knapen net lekker sitten hawwe: ferlieze fan twa famkes en ek noch mei syn trijen. It wie wol hiel bot op it nipperke: 5-5 6-4.    

 

Welpen (4 twatallen en 1 trijetal)

1. Femke van der Zwan en Anna-Lynn Koldijk

2. Wiebe Huitema, Bert Kalma en Ravi de Vries

Welpen 1.JPG
 
Nieuws

Oprop: help mei de kantine simmerklear te meitsjen

dinsdag 11 maart 2025
...
Lees meer...

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Muorrekeatstoernoai

vrijdag 24 januari 2025
It...
Lees meer...

Freed 24 jannewaris Muorrekeatstoernoai

vrijdag 17 januari 2025
...
Lees meer...