Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 23 maart 2025 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Jelmer Drijfhout en Maureen Stok sterke winners VeegPiettoernoai
zondag 24 november 2024
De priiswinners fan snein 24 novimber. Achter f.l.n.r.: Foke Jil Bakker, Jelmer Drijfhout, Jorrit de Jong en Albertsym Fekken; foar f.l.n.r.: Siebrigje Nynke Boschma, Kim van der Meulen, Marije Jonker, Maureen Stok en Tara van der Meulen.
De kop is derôf!
It earste toernoai fan dit bloeiende muorrekeatsseizoen - ús club har mar even 3 x yn 'e wike 'it Mingeltsje' ôfhierd foar it muorrekeatsen - sit derop! Mei in rekôrd oantal dielnimmers: 34 stiks! En de prizepaketten wienen gearstald troch Zorgboerderij Zathe de Hoek fan Offenwier.
N.B. It folgjende toernoai is op freed 24-01-2025! Oanfang 18.30 oere.
Prima opkomst
De A-groep - dy fan de sneintemiddei - sprong der mei 21 dielnimmers hielendal út, want safolle hienen der op de normale sneintemiddei noch net west. Dêr foaroer stie de B-groep fan de tiisdeitejûn, dy't mei 13 dielnimmers wat minder fertsjintwurdige wie. Oan 'e oare kant, op de tiisdei sitte se altyd om de 20 dielnimmers hinne!
De A-groep begong al om 12.30 oere fanwegen de grutte opkomst en 15.30 koe de B-groep pas los.
Nolke Bergstra hjitte elkenien fan de A-groep wolkom. De lotting wie bekend en elk mocht 6x yn aksje komme, 18 punten út wie it devys! En, dat moat sein wurde, de lotting wie prima útfallen. Der wienen mar kwealik iensidige partijen. Mei in protte ynset waard spile, mei prachtige rally's en soms hilaryske mominten. Ja, it is in moai spultsje!
Jelmer Drijfhout wint alle 6 partijen
Grutte man wie dizze middei Jelmer Drijfhout. As iennichste wûn hy alle 6 partijen, al bist fansels ôfhinklik fan de maten dy'tst krijst. Mar asto dan alles winst, ja dan hinget it net hielendal fan syn maten ôf, dan is it fertsjinne! Achter Jelmer eingen mar even 4 minsken mei 5 winstpartijen, dat wie dus bloedspannend.
En gelokkich wie der net ien dy't alles ferlern hie.
Hjirûnder fine jim de totale einútslach. Totaal = Winst x 18 + Saldo pnt.
Spannende nek-oan-nekrace tusken Maureen en Kim
De B-groep - ús froulju - spilen mei 16 punten per partij. Mar sy mochten allegearre 8x yn aksje komme. Toernoaidirektrise Siebrigje Nynke Boschma hie de lieding en sa kaam it dat yn twa oeren de striid beslikke wie. Doe koe Nolke de útslaggen yn de kompjûter ynfiere. Net ien fan de froulju helle de folle mep binnen! Der wienen twa froulju mei 6x winst en trije mei 5x winst. Tusken Maureen Stok en Kim van der Meulen spande it derom. It puntesaldo joech úteinlik de trochslach. En gelokkich wie yn dizze groep ek net ien dy't net in partij wûn hie. En sa moat it ek.
Hjirûnder fine jim de totale einútslach. Totaal = Winst x 18 + Saldo pnt.
Nieuws
Jelmer Drijfhout en Maureen Stok sterke winners VeegPiettoernoai
zondag 24 november 2024
...
Lees meer...