Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Sneon 22 augustus Johannes de Jagerpartij leden senioaren

Op 22 augustus 2026 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 22 augustus Froulju 45+-partij 

Op 22 augustus 2026 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Jelke, Amerins en Age yn 'e krânsen - moai fris begjin fan seizoen 2024

zaterdag 27 april 2024
Priisútrikking Marco.jpg

Goaiïngea. Gelokkich wie it sa kâld net as de foargeande wiken, mar it wie frisser as de waarprofeten it foarsein hienen. Mar goed, de kop is derôf, it seizoen 2024 is los!

Sponsors fan dizze Keningsdeipartij wienen Himmel & Skjin én Johannes Douma. De skoaljeugd hat dit seizoen ûnderdak fûn by de senioaren en sadwaande is binne de pupillen âldsten by de jeugd. Fjouwer listen wienen der: Kabouters B, Kabouters A, Welpen en Pupillen, yn totaal 33 bern!


Kabouters B: Jelke Holtrop wint nei spannende finale fan Janna Abma

By de Kabouters B wienen 5 famkes en 2 jonges. Ien tsjin ien waard der spile. Foar fjouwer fan harren wie it echt de earste wedstriid by kf DLG! Spannend dus!

Nei in normaal ôffalsysteem kamen Jelke Holtrop en Janna Abma yn de finale. Nei in flinke achterstân bokste Janna har knap werom yn ‘e striid, mar koe it dochs krekt net rêde. Jelke wûn op 5-5 6-2.

De ferliezersfinale wûn Tessa Wiersma fan Fardau Abma – debutant! – op 5-3 6-2.

 

Kabouters A: Amerins Kiestra en Age Bakker yn ‘e krânsen nei in minne start

In pûltsje dan fjouwer is altyd leuk, mar dan is it wol saak de earste partij daliks mar te winnen. En dat dienen Amerins Kiestra en Age Bakker nét! Mar se herstelden har knap, wûnen de beide oare partijen en koenen sa fertsjinne de krâns om ‘e nekke krije. De 2de priis gie nei Jildert Bakker en Baukje Huitema, hiel moai.

 

Welpen Wiebe Huitema en Wout de Groot mei de hakken oer de sleat earste

Yn dizze klasse – mei fiif partoeren – gie de striid tusken twa duo’s. Wiebe Huitema en Wout de Groot en it twatal Jesper Boersma – nij lid – en Femke Abma. Beide wûnen se de earste partij mei 5-0. Wiebe en Wout dienen dat ek de twadde partij, mar Jesper en Femke wûnen de twadde partij mei 5-3. Beide partoeren hienen dus 14 punten, mar Wiebe en Wout hienen 3 tsjinearsten mear.

 

Pupillen Tieme Holtrop en Hester Kiestra winne nei spannende striid

Hjir wienen ek fjouwer partoeren, mei in heale kompetysje. Esther Lootsma en Mare van der Goot hienen it de earste partij dreech tsjin Jitse Bakker en debutant Marrit Dotinga. It waard wol in oerwinning, 5-5 6-2. Tieme en Hester hienen it makliker tsjin Falke Bakker en Anna-Lynn Koldijk, 5-0 6-2. De partijen yn de twadde omloop wienen beide iensidich, 5-0 en 5-1. Ja, en dat falt net altyd ta foar de ferliezers.

De tredde omloop brocht de beslissing: Esther en Mare tsjin Tieme en Hester. In drege pot, dy’t op 5-3 6-2 wûn waard troch Tieme en Hester.

 

De totaalútslach


Kabouters B (7 dielnimmers

1. Jelke Holtrop 2. Janna Abma

Ferliezersrûnte: 1. Tessa Wiersma


Kabouters B 1 2 1f.jpg
 


















Kabouters A (4 partoeren)

1. Amerins Kiestra en Age Bakker

2. Jildert Bakker en Baukje Huitema


Kabouters A 1 2 b.jpg


Welpen (5 partoeren)

1. Wiebe Huitema en Wout de Groot

2. Jesper Boersma en Femke Abma


Welpen 1 2 b.jpg

Pupillen (4 partoeren)

1. Tieme Holtrop en Hester Kiestra

2. Esther Lootsma en Mare van der Goot


Pupillen 1 2.jpg






Nieuws

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...

Moaie KNKB-keatserij mei famkes frije formaasje

zondag 16 augustus 2026
Der dienen...
Lees meer...

15 partoeren KNKB skoalfamkes mei spannend keatsen 

zondag 16 augustus 2026
Der die...
Lees meer...