Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Nachtkeatsen fan de senioaren soarge wer foar in prachtige nacht

vrijdag 12 september 2025

Waarpraatsje

Se hienen der sin oan, de leden fan kf DLG, mei hjir en dêr in 'ferdwaalde' gastspiler. Mar even  58 froulju en manlju hienen har opjûn. De ûnderste twa partoeren moasten earst tegearre keatsen en krigen der dêrnei ien by.

Yn it begjint wienen der driigjende loften mei  swier waar deryn. Dat, alle keatsers moasten al frij flot wer nei binnen ta. Nei de dikke bui en de flitsen kamen de stjerren oan 'e loft.


Nei de skifting tusken winners- en ferliezersrûnte - soms kinne jo better ferlieze om fierder te kommen, mar jo litte jo der ek net ôfslaan - gie it echt los. En dan komme de echte nachtkeatsers boppe driuwen. Hawwe jo nachteagen of sjogge jo krekt alles eefkes te let, ja dat is dan de fraach. 

En sa kaam Nolke Bergstra ynienen wer boppe driuwen, eartiids de grutte man fan de grutte bal, fansels perfekt assistearre troch  Brecht Renema - in pear jier lyn winner fan de Oranjefeestpartij - en Rixt Velstra as opslagger. Dizze trije skarrelen moai troch de list en berikten de finale nei in steand nûmer op 'e tredde list en dêrnei winst op Marcel de Groot, Arjan Mutsaers en Anna Batteram (5-3 6-4).

Yn de finale troffen se Herre Cnossen, Berber van der Goot en Tsjits Kramer, dy't de earste omloop mar krekt trochkommen wienen, mar dêrnei sûnder al tefolle problemen (en in steand nûmer op 'e trije) de finale berikte. En dy finale waard wol in hiel iensidich barren: 5-1 6-4 foar Nolke, Brecht en Rixt!


Ferliezersrûnte

Yn de finale trof it partoer Jelke Hindrik de Vries (hy docht it goed dit jier), Martsen van der Goot (krekt dûbeld Europeesk kampioen) en Anne Sjoukje Leenstra, betrouber oan 'e opslach it trio Sytze Jan de Vries, Klaas Fokke Plantinga en Mariska Zuydendorp. Dat koenen de lêsten net hielendal rêde: 5-2 6-2.


Dit binne de útslaggen

1. Nolke Bergstra-Brecht Renema-Rixt Velstra

2. Herre Cnossen-Berber van der Goot-Tsjits Kramer

3. Marcel de Groot-Arjan Mutsaers-Anna Batteram


1.jpg
2.jpg
3.jpg
Ferliezersrûnte

1. Jelke Hindrik de Vries-Martsen van der Goot-Anne Sjoukje Leenstra

2. Sytze Jan de Vries-Klaas Fokke Plantinga-Mariska Zuydendorp

3. Wytse Symen Boschma-Albertsym Fekken- Wytske Boschma 
4 1ste ferl..jpg
5 2de  fer..jpg
6 3de ferl..jpg


Wytse Symen sûnder syn maten Albertsym Fekken 
en Wytske Boschma 
Nieuws

Nachtkeatsen jeugd: lekker keatse, los fan de grutten!

zaterdag 13 september 2025
De...
Lees meer...

Nachtkeatsen fan de senioaren soarge wer foar in prachtige nacht

vrijdag 12 september 2025
...
Lees meer...

Martsen van der Goot en Brecht Renema huldige nei twa Europeeske titels

dinsdag 9 september 2025
De...
Lees meer...