Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

It lytste Muorrekeatstoernoai sûnt 2016: en dochs wie it leuk

zondag 30 november 2025
Gjin A- en B-klasse
Dat wie wol de bedoeling, want 8 minsken hienen har opjûn. En dat hie dan krekt kind, 4 op it A-fjild en 4 op it B-fjild. Spitich genôch hie 1 persoan har/him koart foar it begjin ôfmelden: en die wienen der noch 7 yn Sporthal 'it Mingeltsje' yn Sibrandabuorren, 5 mannen en 2 frouwen (werûnder twa Europeeske kampioenen). Mar dêr koe it lottingsprogramma fan lieder Nolke Bergstra him wol mei rêde. Dat programma hâldt rekken mei it nivo fan elke spiler en regelt dat de twa sterksten net tsjin de twa minst sterken útkomme (hiel inkeld bart dat wól!). 
Moatte wy earst ek noch sizze dat fan de froulju fan tiisdei net ien har op jûn hie. It is wat..... Mar, en dat moat sein wurde, dizze froulju hienen wol de prizen regele!

Jelmer Drijfhout wint
Mar goed, it waard in moaie balslaanderij. Elk spile 6 partijen en de twa toppers Jelmer Drijfhout en Evert Sijbesma mochten as lêsten noch 1 tsjin 1 spylje. In prestiizjepartij, dy't mei 21-20 troch Evert wûn waard.   
Ja, en doe koe de einstân opmakke. Dat it lottingsprogramma wurket en soarge hat foar in sûne nivelearring joech dy einstân wol oan:  net ien wûn alle 6 partijen, ja, der wienen trije mei 4 kear winst, en de rest wûn 1 o/m 3 kear.

Nolke Bergstra rikte de prizen út

IMG20251130151759 - kopie.jpg
16363 - kopie.jpg
De einstân
Einútslach ws.jpg
Punten: oantal winstpartijen + 10% fan it puntesaldo.
 

Nieuws

Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint

zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...

De jeugd beslút it seizoen yn it tsjuster!

vrijdag 11 september 2026
De...
Lees meer...

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...