Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

In moaie start fan in nij seizoen foar jong en âld (2)

vrijdag 28 april 2023
IMGP1536.JPG






Foarsitter Jouke Dotinga begong yn syn iepeningswurd mei it yn it sintsje setten fan kommisjeleden dy’t nei safolle jier der in punt achter setten hawwe. Petra Lootsma wie oanwêzich en krige in aardichheidsje foar har ynset yn de kantinekommisje. De oaren, d.w.s. Arjen Hettinga, Arjen Hofman (beide materiaalkommisje), Frieda Bruinsma (sponsorkommisje) en Margriet Baanstra (jeugdkommisje) krije letter noch in attinsje.
Fierder wie der noch in kwis: wat miste yn it foarwurd fan Skrabe & Bûten en hokker achternamme kinsto op twa manieren útsprekke. It antwurd kaam mei de priisútrikking, oeren en oeren letter. ‘It waar’ hie Jouke net neamd en de namme Jelmer Heidstra kinst op syn wâldsk útsprekke mei de ei fan ‘een ei hoort erbij’ of op syn klaaisk, tsja...
En doe gie it los mei de Himmel & Skjin -Johannes Doumapartij 
Mar even 15 B-partoeren wienen fan de partij en by de A’s 5 twatallen. It waard sa as altyd wer in moaie keatserij sûnder wanklanken.
Allegearre.JPG

















A-klasse
Yn de A-klasse mochten by einbeslút alle 5 twatallen in kear tsjin elkoar spylje. Dêr like it earst net op, mar ‘beter ten halve gekeerd, dan ten hele gedwaald’, sizze se dan. En wat barde? Ja, de twa jongste knapen wûnen al harren partijen, 28 fette punten dus! Dat wienen Jelmer Drijfhout en Johan Cnossen. En, net ûnfertsjinstlik, kamen Marco Lobregt en Evert Sijbesma út op 26 punten. Yn de ûnderlinge partij tsjin Jelmer en Johan waard it 5-5 6-4. Fan de trije oare twatallen dienen Jelmer de Jong en Arjen Radix it noch it bêste mei 21 punten.
A 1 Jelmer Johan.JPG
A 2 Marco Evert.JPG
B-klasse


It waard in striid mei in protte iensidige partijen, mar ek somtiden in ‘clash’ fan giganten. Belangryk is altyd hokker partoer is it meast slutend. Is de A-keatser op en út wat wis, hâldt de foarynse har/syn paad goed skjin en is de C-keatser wis oan ‘e opslach. No, en dan bliuwe der net safolle partoeren oer....
Feteraan Oeds Broersma sei: ‘Wy hawwe in slutend partoer', mei Antsje Kievit foaryn en Wybren Jorritsma as achterynse en foarminstopslagger. Hy bedoelde fansels: ‘Wy steane oan ‘e ein fan de dei mei de krâns om ‘e nekke.’
En sa barde it, oer fjouwer partijen krigen se mar 6 earsten tsjin. Tsjinstanners Sytze Jan de Vries, Wytse Symen Boschma en Tsjits Kramer (even werom yn de streek) dienen it ek fertsjinstlik, mar hienen it dreger yn de twa earste omlopen. Allinnich de partij yn de heale finale tsjin Rijkel Dotinga, Jochem Lootsma en Harm van Gelderen wie in ‘walk-over’. Mar yn de finale krigen Sytze Jan en syn maten tsjin Jorritsma c.s. net echt mear in foet oan ‘e grûn, 5-2 6-2. De twadde 3de priis wie foar Wietse Punter, Arjan Mutsaers en Jelmer Molenaar.
En dan komme wy by de ferliezersôfdieling
Dat kin faak in hiele moaie striid jaan. Twa hiele moaie finalisten stienen yn de finale foar elkoar oer. Jacob Dotinga, Martsen van der Goot en Anne Sjoukje Leenstra tsjin Aaltsje Kroes, Jelke Hindrik de Vries en Sybiel van der Goot makken der in moai treffen fan mei moai spul. Aaltsje en har maten lutsen oan it langste ein: 5-4 6-4.
En sa kaam in ein oan in moaie, lange keatsmiddei dy’t einge djip yn ‘e jûn.

De útslaggen
A-klasse  ( 5 partoere n )
1. Jelmer Drijfhout en Johan Cnossen
2. Marco Lobregt en Evert Sijbesma
B-klasse ( 15 partoeren ) 1. Wybren Jorritsma, Antsje Kievit en Oeds Broersma
2. Sytze Jan de Vries, Wytse Symen Boschma en Tsjits Kramer
3. Wietse Punter, Arjan Mutsaers en Jelmer Molenaar
3. Rijkel Dotinga, Jochem Lootsma en Harm van Gelderen
Ferliezersrûnte
1. Aaltsje Kroes, Jelke Hindrik de Vries en Sybiel van der Goot
2. Jacob Dotinga, Martsen van der Goot en Anne Sjoukje Leenstra
B 1 Wybren Antsje Oeds.JPG
B 2.jpg
B 3a Wietse Arjan Jelmer.JPG
B 3b Rijkel Jochem Harm.JPG
B ferl 1 Aaltsje Jelke Hindrik Sybiel.JPG

B ferl 2 Jacob Martsen Anne Sjoukje.JPG













Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...