In LINTSJE foar Harm van Gelderen
vrijdag 24 april 2026
It lintsje foar Harm wie in komplete ferrassing foar Jannie en him op
freed de 24ste april. Dat jildt grif minder foar de leden fan ús
keatsferiening, want at jo ris besykje te beneamen wat hij allegear foar de
feriening fan 1983 ôf betsjutten hat en noch betsjut? Sekretaris,
wedstriidsekretaris, ledeadministrateur, redakteur, webmaster, skoalkeatsen,
jubileumboeken, klubfotograaf en yn in fier ferline wie Harm ek noch sekretaris
fan de Hurde Hân yn De Jouwer. En der is bûten dy keatsaktiviteiten noch folle
mear te neamen! Dêrom ferskynde de boargemaster ôfrûne
freedtemiddei oan 'e doar fan huize van Gelderen. Lokwinske Harm!
Op 'e foto: boargemaster Jannewietske de Vries, Harm, Jannie, troebadoer Bruno
Rummler en Gerben Kamstra. De lêste kaam "tafallich" op besite, sadat
Harm en Jannie wol thúsbliuwe woenen


Nieuws
Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint
zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...
Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij
zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...





