Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Froulju 1ste klas: moaie 2de priis foar Berber van der Goot en Brecht Renema 

zondag 28 juni 2026
6 Alle priiswinners.jpg
7 Skiedsrjochter André de Jager.jpg
Berber en Brecht dienen dat mei harren fêste maat Sophie Kroondijk. De KNKB hie foar dizzze partij ûnderdak socht en fûn by kf De Lege Geaen, dy't fjild en  kantine/klaaigelegenheid beskiber steld hie foar dizze partij.  Der stienen 9 partoren op 'e list. It gehiel stie ûnder lieding fan ús Marco van der Goot en wat it keatsen sels oangiet ûnder lieding fan skiedsrjochter André de Jager fan De Jouwer (foto rjochts). Wanklanken hawwe wy net heard.
Te flotte partijen
De earste en twadde omloop ferrûn flot, te flot soenen jo sizze kinne. De iensidichhheid dripte derôf. Fan de 11 ferkeatste partijen kamen trije út op 5-3 en acht op 5-0/5-1/5-2. 
Moniek Lootsma keatste mei de sussen Lieke en Indy Tuinier. Winst siet der foar harren net yn: nei twa partijen koenen se nei hûs ta. Itselde jilde foar Martsen van der Goot en har maten Brech Grovenstein en Rixt Baarda. Yn de twadde omloop ferlearen se fan de lettere winners fan de ferliezersrûnte. Foar partoer 9 wie it wat sneu: sy ferlearen yn de twadde omloop op 5-1 6-2 fan de lettere winners. 
Om de prizen
Berber van der Goot, Brecht Renema en Sophie Kroondijk wûnen yn de twadde omloop (om de preemje of neat) fan Nina-Claire Wijning, Mare Dijkstra en Inez Bosch, 5-1 6-0. De finale wie berikt, ja sa hurd kin it gean. 
Rixt Fokkema, Marrit Wielenga en Linda van der Meer hienen nei winst yn  de earste omloop in steand nûmer, ferlearen dêrnei op 'e trije fan de lettere winners (5-3 6-6), mar hienen wol in 3de priis. 
De finale dus en dêr hienen wy wol in bytsje mear fan ferwachte. Fansels, op papier wienen Anna Ennma, Iris Oosterbaan en Fiera de Vries fierwei de sterksten en dat lieten se yn de finale ek sjen. Wat koenen Berber, Brecht en Sophie dêr tsjinoer stelle? Nei in hoopfolle 1-1 foel de partij hielendal ta oan it partoer Ennema c.s. Foaral de opslach joech de trochslach. It wie letterlik (no ja, net letterlik) yn in sucht dien! De einstân wie 5-1 6-0.
Ferliezersfinale
Dit wie ek in iensidich barren. Fenna Koster, Marije Bokma en Aniek Koopmans hienen gjin bern oan Tessa Westra, Sofie Koops en Jiska Altenburg, 5-1 6-2. Mar de lêsten krigen wol in pryske. Fiif prizen op njoggen partoeren, einliks kin it net.

De útslaggen

1. Anna Ennema - Iris Oosterbaan - Fiera de Vries

2. Berber van der Goot – Brecht Renema – Sophie Kroondijk

3. Rixt Fokkema – Marrit Wielenga – Linda van der Meer

Ferliezersrûnte

1.  Fenna Koster – Marije Bokma – Aniek Koopmans

2. Tessa Westra – Sofie Koops – Jiska Altenburg

1 1ste priis.jpg
 
2 2de priis.jpg
 
3 3de priis.jpg
4 ferl. 1ste priis.jpg
5 ferl. 2de priis.jpg
 
Nieuws

Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint

zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...

De jeugd beslút it seizoen yn it tsjuster!

vrijdag 11 september 2026
De...
Lees meer...

Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij

zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...