Foute Johannes de Jagerpartij - wer in grut súkses
zaterdag 23 augustus 2025


Goed ien oere gienen de 4 AB-partoeren en de 12 BC-partoeren los. In moai oantal wie ferkeard ferklaaid, dy hienen gewoane sportklean oan. Oaren hienen wol harren bêst dien en seagen der opfallend moai út. Ta persoan mei de moaiste outfit waard Nolke Bergstra útroppen. Hy wie Maja de Bij of Willy de Wesp en hâlde dat de hiele middel fol! Dat levere him in ektra krâns op (foto rjochts)!
BC-klas: linksom of rjochtsom nei de finale
De twa ûnderste partoeren fan de BC moasten earst tegearrre keatste: Marrit Oosterbaan en Anne Sjoukje tsjin Jorrit de Jong en Yme Walstra. Dat wûnen Marrit en Anne Sjoukje op 5-4 6-6 en se mochten dus troch en krigen der Esmee Suierveld by, dy't nei ferlies op 5-5 6-6 tsjin de lettere winners (dêroer letter mear) it gelok hie om letter mei dizze beide froulju in kompleet partoer te foarmjen. En hoe...

Tuskentroch...
Tuskentroch hie Wytse Hospes spesjaal syn seine fan hús helle om it gers yn 'e berm by de sleat te meanen om sadwaande in bal finen te kinnen. Der rêste gjin blykber gjin 'seine' op, want de bal waard net fûn.
Johannes de Jager c.s. troch it each fan de nuddel
Op 5-5 6-6 wûnen Johannes de Jager, Klaas Fokke Plantinga en Anthe Boonstra fan Jarno Stok ('broerke' fan Maureen), Esmee Suierveld en Wytse Hospes. De lêsten moasten dêrnei wer flink oan 'e bak tsjin Jelke Hindrik de Vries, Kristia Dotinga en Marten Molenmaker (ferlies op 5-4-6-4) en mochten dêrnei nei hûs, behalve Esmee dus, dy't bylotte waard.
De Jager c.s setten troch en it wie net maklik. It 'lange perk' fan Johannes en Klaas Fokke wie min te bespyljen, én se hienen de ûnfersteurbere Anthe Boonstra derby as opslachster. It net snotterige trio Peter Bootsma, Rigt van der Velde en Catrinus Kooistra fersloegen se mar krekt op 5-5 6-0 en op 'e trije ûndergie it sterke partoer fan Corné Langeberg, Wytse Symen Boschma en Rixt Velstra itselde lot: 5-5 6-4. (De lêsten hienen net in priis, mar krije wol in punt foar de Repkobeker!)
En doe stienen Marrit, Esmee en Anne Sjoukje klear om om de krânsen te spyljen
Ferrassend, dat mei sein wurde. Nei winst yn de twadde omloop op it ek komplete frouljustrio Aaltsje Kroes, Femke Terpstra en Rixt Oosterhaven (5-3 6-4) hienen se it gelok fan in steand nûmer op 'e trije. Se hienen dus wat mear 'lucht' as De Jager c.s., dy't dreech keatst hienen en ek noch in omloop mear. Alles moast út 'e kast. En sa barde it dat Johannes, Klaas Fokke en Anthe op 5-4 6-6 de partij beslisten. Foar Anthe wie it de earste krâns yn har jonge bestean. Gelokkich hawwe de trije oare froulju al earder in 'hage' hân, oars hie it wat sneu west.
Jelke Hindrik de Vries, Kristia Dotinga en Marten winne fertsjinne de ferliezersfinale
Sy moaten dêr tsjin Herre Cnossen, Jelmer Molenaar en Germ Bergstra. Cnossen c.s. joegen knap tsjinstân en bûgden de holle pas op 5-4 6-2.
AB-klas
Hjir wienen fjouwer partoeren makke mei hiel wat ferskaat. en it bleau oan 'e ein ta spannend. Nei twa omlopen hie net ien partoer de folle winst helle. Sytze Jan de Vries, Andrea Kroes en Eline van Dijkhuizen stienen der noch it bêste foar mei 12 punten, mar dy 'sakken troch it iis' tsjin it 'ontketende' partoer fan Jouke Dotinga, Nolke Bergstra en Martsen van der Goot: 5-1 6-2.
De oare partij wûnen Wybren Jorritsma, Jurjen Hiemstra en Marcel de Groot op 5-4 6-6, mar dat wie net genôch om Dotinga c.s fan de krânsen ôf te hâlden.
De emigranten

Neame wy noch Wybren Jorritsma en Femke Terpstra. Hy nimt syn 2de priis mei nei Denemarken, dêr't hy mei syn Femke Terpstra nei ta emigrearje sil. 'Emigreren moet je leren', seit in sprekwurd (sels betocht), mar Wybren hat der earder al west. (Foto, doe't it even wat snjittere)
En sa kaam in ein oan in moaie keatsdei
It kantinepersoniel wurke him út 'e naden om wa't dat woe in waarme hap te leverjen en it bier smakke ek wol. By de priisútrikking kaam fansels it waar foarby en dat wie de hiele dei prima! Moai neisimmerwaar! Noch ien ledepartij te gean, it Nachtkeatsen!
De útslaggen
AB-klas (4 partoeren)
1. Jouke Dotinga-Nolke Bergstra-Martsen van der Goot
2. Wybren Jorritsma, Jurjen Hiemstra en Marcel de Groot


BC-klas (12 partoeren)
1. Johannes de Jager-Klaas Fokke Plantinga-Anthe Boonstra
2. Marrit Oosterbaan-Esmee Suierveld-Anne Sjoukje Leenstra


Ferliezersrûnte
1. Jelke Hindrik de Vries-Kristia Dotinga-Marten Molenmaker
2. Herre Cnossen-Jelmer Molenaar-Germ Bergstra


Nieuws
Ek in moaie ferklaaierij fan bern en kommisje bern op Foute Johannes de Jagerpartij
zaterdag 23 augustus 2025
...
Lees meer...
Prachtich reuny-keatsen fan de froulju 45+: en grif net foar it lêst!
zaterdag 23 augustus 2025
...
Lees meer...